De Fergulde Biezem is in priis dy't yn Marsum útrikt wurdt foar de Marsumer fan it Jier troch de Marsumers sels. De ûnderskieding is ôflieden fan de bynamme fan it doarp, mar foaral no it symboal fan dyjinge dy´t ek it paadsje foar in oar, of foar de mienskip skjinfage hat. De nammen fan de winners steane op in houten boerd, dêr't de nammen ynbeitele wurde. It earste boerd út 1993 is al fol. Faak binne de winners aktyf op in breed flak, mar wurde guon fan harren aktiviteiten ekstra foar it fuotljocht helle: