Feike de Boer
Feike de Boer (Goaiïngaryp, 17 jannewaris 1892 - Amsterdam, 15 augustus 1976) wie de earste boargemaster fan de gemeente Amsterdam nei de Twadde Wrâldoarloch, fan 1945 - 1946.
De Boer wie in soan fan keamerlid Rients Feikes de Boer. Hy siet by de marine en yn de keapfardij, dêr't hy mei 27 jier ûnderdirekteur wie fan de Stoomvaartmaatschappij Nederland yn Batavia. Yn 1934 waard hy direkteur fan deselde maatskippij yn Amsterdam. Hy spruts Nederlânsk, Frysk, Frânsk, Dútsk, Ingelsk, de Skandinavyske talen, Italjaansk en Maleisk. Hy waard foarsitter fan de Skipfeartferiening Noard, de redersorganisaasje fan de Amsterdamske haven.
Yn de oarloch waard De Boer aktyf in de Nederlânske Uny. De Dútsers slueten him koarte tiid op yn Beekvliet te Sint Michielsgestel. Dêrnei waard De Boer aktyf foar it fûns foar seelju dy't farden ûnder befel fan de Nederlânske regearing yn Londen, it Seeljufûns. Dit gie letter op yn it Nasjonaal Steunfûns, de finansier fan it ferset.
It klandestine oerlis fan bestjoerders, wêrûnder Willem Drees, frege De Boer him ree te ferklearjen nei de oarloch boargemaster fan de gemeente Amsterdam te wurden, as opfolger fan de pro-Dútske boargemaster Edward Voûte. De Boer wie der klear foar, en lykas er sels sei, "...ik gie sitten op dy stoel en it rûn".
As boargemaster krewearre De Boer yn foar it werstel fan Schiphol en de Amsterdamske havens. Yn syn koarte amtsperioade mocht hy, as dank foar de hâlding fan de Amsterdammers yn de oarlochsjierren, fan keninginne Wilhelmina it motto oannimme dat sûnttiid it wapen fan Amsterdam siert: Heldhaftig, Vastberaden, Barmhartig. Feike de Boer waard opfolge troch boargemaster A.J. d'Ailly
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Portret yn Biografysk Wurdboek fan Nederlân