Eysingastate (Berltsum)
Eysingastate (ek Aesterfal en Oosterwal) stie west-noardwestlik fan Berltsum by de Wierstersyl.
It boujier is ûnbekend, mar al ier wie der sprake fan de state Aesterfal by de Wierstersyl. Dy stie oan de eastkant fan de feart, it Moddergat, dy't mei in syl útkaam yn de Middelsee.
Yn 1640 wie de state eigendom fan de grytman fan Menameradiel, jhr. Tjalling fan Eysinga. Dy wenne dêr sa út en troch ek en dêrtroch sil Aesterfal de namme Eysingastate krigen hawwe. Grytman Fan Eysinga wie ek eigener van Heringastate yn Marsum, dat letter it Poptaslot neamd wurde soe. Yn it stimkohier fan 1640 wurdt it hûs mei stim 1 fan Berltsum noch "Oosterwal" neamd. Yn 1700 is stim 1 eigendom fan "wed. van de hr. Bruinsveld, in leven schout bij nagt ter zee" en is dan 47 pûnsmiet grut, wêrfoar't it rûne bedrach fan 20 floreen oan belesting betelle wurde moat.
Nei de ôfbraak fan de state is de pleats dy't it hûs ferfong oan de oare kant fan de feart boud, dus oan de westlike kant. Dêrby hold de pleats de name Oosterwal. De hjoeddeiske (wen)pleats stiet tsjintwurdich yn it doarp Wier.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1640 Tjalling fan Eysinga
- 1700 widdo Bruinsveld
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|