Evert Jan Diest Lorgion

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
E.J. Diest Lorgion
(foto fan Egenberger, 1864)

Evert Jan Diest Lorgion (De Lemmer, 30 augustus 1812 - Grins, 11 maaie 1876) wie tsjerkehistoarikus en predikant.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy wie in soan fan dûmny Johannes Jacobus Lorgion, predikant op De Lemmer. Hyn boaske yn 1837 oan Theodora Klazina Banga (1814-1851), dochter fan dr. Jelle Banga en lid fan de famylje Banga, en yn 1855 mei Godartine Alexandrine Gerhardine Phillippine barones van Hoevell (1815-1902), lid fan de famylje Van Hövell en suster fan Twadde Keamerlid dr. Wolter Robert baron van Hoevell (1812-1879).

Hy gie nei de Latynske skoallen fan Amsterdam en Frjentsjer, liet him yn 1829 ynskriuwe oan it Athenaeum yn Frjentsjer en yn oktober 1831 oan de hegeskoalle te Grins, dêr't er 21 desimber 1836 doktor yn de teology waard op in proefskrift titele De dicentibus scribentibusque, speciatim in N.T. occurrentibus, suo convenienter ingenio interpretandis.

Lorgion stie as predikant yn Hallum (1834-42), yn Stiens (1842-43) en Grins (1843-60). Yn 1860 waard er heechlearaar te Grins.

Lorgion joech de earste tsjerkhistoaryske stúdzjes oer Fryslân út en ek oar wurk yn de geast fan de saneamde 'Grinzer rjochting'

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Geschiedenis van de invoering des Christendoms in Nederland (Ljouwert 1842);
  • Geschiedenis van de kerkhervorming in Friesland (Ljouwert 1842);
  • Leerrede ter bevestiging van Ds. A.P. Reitsma (Grins 1845);
  • Leerrede ter godsdienstige viering van den oudejaarsavond (Grins 1846);
  • De Ned. Herv. kerk in Friesland, sedert hare vestiging tot het jaar 1795 (Grins 1848);
  • Balthazar Bekker in Friesland (Grins 1848);
  • Geschiedkundige beschrijving der stad Groningen (Grins 1850-57);
  • Balthazar Bekker in Amsterdam (Grins 1850);
  • De voorbereiders der kerkhervorming in Nederland (Grins 1851);

Ensafuorthinne, foar fierdere bibliografy sjoch portaal fan Nederlân

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: