Banga (laach)
Appearance
Banga wie in Frysk laach dat bestjoerders fan Frjentsjer, in bekende genêshear en juristen opsmiten hat.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stamrige begjint mei Harmen Sijdses (†1674) dy't masterskuonmakker yn Seisbierrum wie. Dy syn soan Sijds (1640-1698) waard lid fan de froedskip fan Frjentsjer en wie dêrmei de earste bestjoerder fan dy stêd út syn geslacht.
It laach waard yn 1935 opnaam yn it Nederland's Patriciaat.
Inkelde telgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sijds Harmens (1640-1698), learloaier en masterskuonmakker, lid fan de froedskip fan Frjentsjer
- Tjeerd Sijdses (1671-1731), masterskuonmakker, learloaier en keapman
- Sijds Tjeerds Hesinga (1702-1746), learloaier, lid fan de froedskip (1728) en boargemaster (1732-1746) fan Frjentsjer
- Mr. Tjeerd Sijdses Banga (1741-1810), wynkeapman, lid fan de froedskip fan Frjentsjer, finzen set yn Ljouwert om't er oanhinger fan de patriotten wie (1787-1789)
- Dr. Jelle Banga (1786-1877), genêshear, boargemaster fan Frjentsjer
- Aaltje Banga (1809-1840); troude yn 1837 mei mr. Gijsbertus Schot (1810-1889), notaris en Earste Keamerlid
- Leonora Johanna Banga (1811-1894); troude yn 1836 mei mr. Pieter Adama Zijlstra (1810-1863), boargemaster
- Theodora Klazina Banga (1814-1851); troude yn 1837 mei prof. dr. Evert Jan Diest Lorgion (1812-1876), heechlearaar godgeleardheid
- Sijdske Banga (1815-1842); troude yn 1840 mei mr. Tjepke Mulier (1815-1883), boargemaster
- Mr. Klaas Banga (1826-1911), rjochter; boaske yn 1856 mei syn nicht Leuwkje Stinstra (1834-1924)
- Elisabeth Banga (1793-1879), fâldes Klaarkampster Weeshûs; boaske yn 1815 oan mr. Joannes Stinstra (1789-1842), plakfervangend frederjochter, griffier fredegerjocht en fâd Klaarkampster Weeshûs
- Leuwkje Stinstra (1834-1924); troude yn 1856 mei har neef mr. Klaas Banga (1826-1911), rjochter
- Dr. Jelle Banga (1786-1877), genêshear, boargemaster fan Frjentsjer
- Mr. Tjeerd Sijdses Banga (1741-1810), wynkeapman, lid fan de froedskip fan Frjentsjer, finzen set yn Ljouwert om't er oanhinger fan de patriotten wie (1787-1789)
- Sijds Tjeerds Hesinga (1702-1746), learloaier, lid fan de froedskip (1728) en boargemaster (1732-1746) fan Frjentsjer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|