Klaarkampster Weeshûs
Appearance
Klaarkampster Weeshûs | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Frjentsjer | |
adres | Godsacker 35 | |
koördinaten | 53°11′07″ N 5°32′46″ E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | gasthûs, weeshûs | |
boujier | 1552 | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15691 | |
kaart | ||
It Klaarkampster Weeshûs is in monumintaal pân yn de stêd Frjentsjer.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hûs mei sealdak tusken topgevels (tútgevels) waard yn 1552 boud as gasthûs. Yn it tiidrek 1597 oant 1665 tsjinne it as weeshûs. De maniëristyske gevelstien (17 septimber 1598) op de hoeke fernijt dat prior Gerardus Agricola fan kleaster Klaarkamp by Rinsumageast in soad goed dien hat foar de weesbern. In oare gevelstien (6 jannewaris 1665) fermeldt de rêding fan greve Johan Maurits by in ûngemak op in njonkenlizzende brêge wêrby't er yn it wetter rekke.
It pân is sûnt 21 febrewaris 1967 in ryksmonumint. Yn 1984 hat it gebou yn de brân stien.
Streeksintrum De Skûle is yn it gebou fêstige.
-
It gebou yn 1962 (sûnder topgevels)
-
Gevelstien (1598)
-
Gevelstien (1665)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Klaarkampster Weeshuis, Franeker fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|