Klaas Banga

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Klaas Banga (Frjentsjer, 15 septimber 1826 - Hilfertsom, 25 jannewaris 1911) wie in Nederlânsk jurist, rjochter en politikus fan Frysk komôf.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Banga behearde ta de patrysjersfamylje Banga en wie in soan fan de Fryske genêshear en Frjentsjerter boargemaster dr. Jelle Banga (1786-1877) en Teatske van der Kooi (1787-1858). Hy boaske yn 1856 oan syn nicht Leuwkje Stinstra (1834-1924), dochter fan mr. Joannes Stinstra (1789-1842), griffier fan it fredegerjocht fan Frjentsjer, en Elisabeth Banga (1793-1879), suster fan syn heit, mei wa't er fiif bern krige.

Banga promovearre yn 1850 te Grins. Dêrnei waard er yn 1854 substitút-griffier fan de arrondissemintsrjochtbank fan Snits, oant er yn 1857 griffier fan it kantongerjocht Harns waard. Dy funksje ferruile er foar dy fan kantonrjochter dêre yn 1863, oant er dyselde funksje yn 1881 yn Hilfertsom krige, itjinge er oant 1900 bliuwe soe.

Banga wie fan 1865 oant 1881 lid fan de gemeenterie fan Harns en fan 1889 oant 1900 yn Hilfertsom.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederland's Patriciaat 22 (1935), s. 12-13.
  • R.S. Wegener Sleeswijk, L. Oldersma, Rechterlijk Friesland 1811-1999. Naamlijst leden rechterlijke macht, leden openbaar ministerie en griffiers. Hilversum, 1999, p. 44.