Erin Burnett

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Erin Burnett
Mikrofono.svg tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Erin Burnett - small.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Erin Isabelle Burnett
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 2 july 1976
berteplak Mardela Springs (Marylân)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
Flag of Scotland.svg Skotsk
wurkpaad
wurksum as sjoernaliste, presintatrise,
ferslachjouster, nijslêzeresse
medium tillefyzje
wurksum by CNBC, CNN
bekend fan Squawk on the Street
Erin Burnett OutFront
jierren aktyf 2003 – no
offisjele webside
Erin Burnett op Twitter

Erin Burnett (folút: Erin Isabelle Burnett; Mardela Springs (Marylân), 2 july 1976) is in Amerikaansk sjoernaliste, presintatrise en ferslachjouster dy't foarhinne by de Amerikaanske banken Goldman Sachs en Citigroup wurke. Hja leit hat fierhinne ta op finansjeel-ekonomyske ûnderwerpen. Burnett waard bekend as presintatrise fan it tillefyzjeprogramma Squawk on the Street, op 'e stjoerder CNBC, en presintearret fan 2011 ôf de aktualiteiterubryk Erin Burnett OutFront, op CNN.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Burnette waard yn 1976 berne yn Mardela Springs, yn 'e steat Marylân, as de jongste dochter fan Kenneth King Burnett, in abbekaat dy't wurksum is foar it Amerikaanske bedriuwslibben, en dy syn frou Esther Margaret Stewart. Se folge de middelbere skoalle oan 'e St. Andrew's School yn Middeltown, yn 'e steat Delaware, en slagge dêr yn 1994 foar har diploma. Neitiid learde Burnett fierder oan it Williams Kolleezje yn Williamstown, yn Massachusetts, dêr't se politikology en ekonomy studearre en in bachelorstitel yn politike ekonomy behelle. Yn har studintetiid wie se aktyf as spylster fan hokky en lacrosse.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Burnett sette har karriêre útein as finansjeel analiste by de ynvestearringsbank Goldman Sachs, yn New York, dêr't se har benammen talei op fúzjes en oankeapen. Se stapte lykwols oer nei de sjoernalistyk doe't se in baan oanbean krige by de nijsstjoerder CNN, om efter de skermen te wurkjen oan it finansjeel-ekonomyske tillefyzjeprogramma Moneyline, presintearre troch Stuart Varney, Willow Bay en Lou Dobbs.

Burnett by in fraachpetear op 13 desimber 2012 yn Afganistan mei de Amerikaanske minister fan Definsje Leon Panetta.

Letter gie se by CNN wei om as ûnderdirekteur te tsjinjen by CitiMedia, de digitale media-groep fan 'e bank Citigroup. Yn 2003 joech se har as finansjeel redaktrise en nijslêzeresse by de stjoerder Bloomberg Television, fan 'e miljardêr en boargemaster fan New York Michael Bloomberg.

Yn 2005 stapte Burnett oer nei de stjoerder CNBC, dêr't se oant 2011 de presintatrise wie fan it programma Street Signs en mei-presintatrise, njonken Mark Haines, fan it programma Squawk on the Street. Foar CNBC makke Burnett fierders ek ferskate langere dokumintêres: yn 2008 City of Money & Mystery, India Rising: The New Empire en The Russian Gamble; yn 2009 Dollars & Danger: Africa, the Final Investment Frontier; en yn 2010: On Assignment: Iraq en Big Money in the Middle East.

Yn har tiid by CNBC wurke Burnett ek geregeldwei mei oan 'e programma's Meet the Press, Today en NBC Nightly News, op 'e stjoerder NBC, en oan Morning Joe, op MSNBC. Fierders ferskynde se út en troch yn it realitytillefyzjeprogramma The Celebrity Apprentice, as adviseur fan presintator Donald Trump.

Op 6 maaie 2011 ferliet Burnett CNBC, wêrnei't se op 3 oktober fan dat jier wer by CNN kaam te wurkjen. Dêr hat hja sûnt har eigen prime-time-nijsprogramma, Erin Burnett OutFront. Burnett hat dat programma live presintearre fanút Maly, Afganistan, Rûanda, de Feriene Arabyske Emiraten en Israel. Dêrnjonken hat se ek ferslach dien út Sina en Pakistan wei. Burnett wie ek te sjen yn 'e film Edge of Tomorrow (2014), wêryn't se harsels as CNN-presintatrise spilet. Se is in lid fan 'e Amerikaanske Ried foar Bûtenlânske Relaasjes (Council on Foreign Relations), in tinktank fan 4.900 leden dy't him dwaande hâldt mei it bûtenlânsk belied fan 'e Feriene Steaten.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Burnett mette bankier David Rubulotta yn 2003 op in blind date. Rubulotta wie foarhinne effektehanneler foar de fajyt giene ynvestearringsbank Lehman Brothers, en beklaait no in bestjoersfunksje by Citigroup. Burnett en Rubulotta ferloofden har yn septimber 2011, en trouden op 21 desimber 2012. Op 29 novimber 2013 skonk Burnett it libben oan harren soan Nyle Thomas Burnett Rubulotta.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.