Springe nei ynhâld

Enno Loadewyk fan Eastfryslân

Ut Wikipedy
Enno Loadewyk fan Eastfryslân
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Eastfrysk
bertedatum 29 oktober 1632
berteplak Auwerk
stjerdatum 4 april 1560
stjerplak Auwerk
Greve fan Eastfryslân
regear 16511660
foargonger Juliana fan Hessen-Darmstêd
(regintesse)
opfolger Joaris Kristiaan
(as foarst fan Eastfryslân)

Enno Loadewyk (1632-1660) wie in greve fan Eastfryslân tusken 1651 en 1660. Yn 1654 waard er beneamd ta foarst. Hy wie in soan fan greve Ulrik II en fan Juliana fan Hessen-Darmstêd, en is dêrmei ien út it skaai Sirksena.

Enno Loadewyk groeide op yn de Nederlannen, Frankryk en Switserlân, hy krige in djoere opfieding. Oan it hof fan keizer Ferdinand III waard hy doe’t er 19 jier wie ta eare-rykshofriedjouwer beneamd. Hjirmei erkende de keizer syn mearderjierrigens en regearingsbetûftens. Sa koe Enno Loadewyk syn mem en har riedjouwer fan it regear stjitte.

Yn 1651 waard hy de greve fan Eastfryslân. Gau liet hy de frijer fan syn mem, Marenholz, berjochtsje en terjochtstelle. Enno Loadewyk besike de weardichheid fan ryksfoarst te krijen. Mei de help fan de Eastfryske gelearde Hermann Conring slagge hy dêr yn 1654 yn foar 15.000 gûne, mar dan wol allinnich foar himsels en sûnder sitting op de foarstenbank yn de ryksdei. Yn de erflike titel slagge pas syn broer Joaris Kristiaan yn 1662.

Enno Loadewyk wie fersein oan Henriëtte Katarina fan Oranje-Nassau, mar troude yn 1656 mei Justine Sofia fan Barby. It pear krige twa dochters; Juliana Louisa en Sofia Wilhelmina. Enno Loadewyk stoar yn 1660 nei in jachtûngemak. Omdat er gjin soannen hie, waard hy opfolge troch syn broer.