Ellia Smeding

Ut Wikipedy
Ellia Smeding
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ellia Georgina Smeding
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 16 maart 1998
berteplak Oxfordshire
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
trener Siep Hoekstra
(Team FrySk 2017-2022)
Daniel Greig
(Team Novus 2022 - No)
O.S. Peking 2022
debút 2017

Ellia Georgina Smeding (Oxfordshire, 16 maart 1998) is in Frysk langebaanrydster. Se is hikke en tein yn it Ingelske Oxfordshire. Doe't se 8 jier wie, is se mei har Britske mem, Fryske heit en susters nei Fryslân ferhuze. Smeding hat in relaasje mei de Britske langebaanrider Cornelius Kersten. Yn 2020 debutearre sy ynternasjonaal op de Jeropeeske kampioenskippen reedriden ôfstannen op de 1000 meter. Yn 2022 komt Smeding foar Grut Brittanje út op de Olympyske Winterspullen yn Peking. Yn de simmer fan 2022 makke Ellia Smeding de oerstap fan Team FrySk nei Team Novus.[1]

Resultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier EK
Ofstannen
EK
Allround
WK
Allround
WK
Sprint
WK
Ofstannen
Olympyske
Spullen
WK
Junioaren
2020 1000 m, 14e
2021 1000 m, 23e
2022 1000 m, 23ste
1500 m, 27ste

Persoanlike rekôrs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 38,98 4 desimber 2021 flagge fan de Feriene Steaten Utah Olympic Oval, Salt Lake City
1000 meter 1.15,81 11 desimber 2021 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary
1500 meter 1.57,62 5 desimber 2021 flagge fan de Feriene Steaten Utah Olympic Oval, Salt Lake City
3 km 4.21,99 20 jannewaris 2020 flagge fan Nederlân Thialf, It Hearrenfean
5 km 7.56,31 28 desimber 2017 flagge fan Nederlân Alvestêdehal, Ljouwert

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: