Elisabethkirche (Marburg)
Elisabethtsjerke Elisabethkirche | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Hessen | |
plak | Marburg | |
adres | Elisabethstraße 3 | |
koördinaten | 50° 48' N 8° 46' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Elisabeth fan Tueringen | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1235-1340 | |
boustyl | gotyk | |
Webside | ||
Side Elisabethkirche | ||
Kaart | ||
De Elisabethtsjerke (Dútsk: Elisabethkirche) is in protestantsk tsjerkegebou yn 'e Dútske stêd Marburg. De tsjerke waard sûnt 14 augustus 1235 oan 'e foet fan 'e Marburger slotheuvel troch de Dútske Oarder en mei stipe fan 'e lângreven fan Tueringen ta eare fan 'e hillige Elisabeth boud. De halletsjerke leit oer it grêf fan 'e hillige en wie yn 'e midsiuwen in wichtige beafeartstsjerke. In beppesizzer fan Elisabeth, de lângreve Hindrik I, boude yn 1286 yn Frankenberg de Us-Leaffrouwetsjerke (Liebfrauenkirche) neffens it foarbyld fan 'e Marburger Elisabethtsjerke.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Elisabethtsjerke jildt as ien fan 'e earste suver goatyske tsjerkegebouwen yn it Dútske kultuergebiet. Yn dat ramt binne noch fiif oare gebouwen te neamen:
- De dom fan Magdeburg hat in boubegjin fan 1209, mar hat lykwols noch tefolle romaanske eleminten om suver goatysk te wêzen.
- De abdijtsjerke Marienstatt is suver goatysk en waard mooglik al boud yn it jier 1222, mar wierskynliker is it jiertal 1245.
- De Us-Leaffrouwetsjerke fan Trier waard sûnt 1230 boud en datearret noch fan foar de Elisabethtsjerke. Fanwegen it ûngoatyske grûnplan stiet de domtsjerke lykwols net foar it krekte begjin fan 'e Dútske bougotyk, ek al stie de domtsjerke op guon ûnderdielen model foar de Elisabethtsjerke.
- De bou fan 'e tsjerke fan 'e benediktynske abdij Sint-Mauritius yn it Saarlânske plak Tholey sette tusken 1230 en 1240 útein en waard tusken 1264 en 1277 foltôge.
- Mei de bou fan 'e dom fan Keulen waard yn it jier 1248 begûn, mar de Keulske dom oriïntearret him folle mear op 'e Frânske gotyk, benammen op 'e likernôch tagelyk útein sette bou fan 'e katedraal fan Amiens.
De beide tuorren fan 'e Elisabethtsjerke binne ûngefear 80 meter heech en wurde bekroand mei in stjer (noardlike toer) en in ridder (súdlike toer). De tsjerke hat in krúsfoarmich grûnplan en in yn trije skippen ferdielde hal. Yn 'e krusing fan 'e tsjerke skiedt in yn 1343 boud doksaal de tsjerke fan it koer. It koer hat in fiifsidige ôfsluting.
It sânstiens heechalter fan 'e tsjerke datearret fan 1290 en toant Marije mei rjochts trije froulike hilligen en lofts trije manlike hilligen. De middelste finsters efter it heechkoer hawwe noch it oarspronklike brânskildere glês fan dit yn 1249 wijde diel fan 'e tsjerke.
Yn it noardlike transept is it yn 1250 boude mausoleum fan Elisabeth mei de 14e-iuwske sarkofaach fan 'e hillige. Op 'e sarkofaach binne reliëfs te sjen fan it opbierjen fan Elisabeth, Kristus, har bychtheit Koenraad fan Tueringen en oare hilligen.
De goatyske, ryk fersierde skryn fan Elisabeth stiet yn de sakristy en is in wichtige tsjerkeskat. Dêrnjonken binne der ek oare sakrale keunstwurken te sjen. Mei it meitsjen fan 'e skryn waard yn 1235 útein set.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Elisabeth stifte yn 1228 yn Marburg it spitaal, dêr't hja oant har dea yn 1231 siken fersoarge. Se waard yn 'e oan Fransiskus fan Assisi wijde kapel fan it sikehûs begroeven. Fuort dêrnei brochten pylgers in besite oan it grêf en al gau waard tynge dien fan tal fan genêzingwûnders. Yn 1239 droech Elisabeth's sweager Koenraad fan Tueringen it gebou oer oan 'e Dútske Oarder, dy't it útboude ta in beafeartsplak. Mei de bou fan 'e grutte Elisabethtsjerke waard yn it jier fan 'e hillichferklearring fan Elisabeth (1235) útein set. De tsjerke waard sa boud dat de hospitaalkapel ôfbrutsen wurde moast en it grêf fan Elisabeth yn it noardlik transept kaam te lizzen. Op 1 maaie 1236 folge yn oanwêzigens fan keizer Freark II de plechtige opgraving fan it omskot fan Elisabeth om it dêrnei yn in kostbere skryn (en dielen dêrfan yn relikwaria) oer te bringen.
De tsjerke waard yn 1283 wijd, mar it wurk oan 'e twa tuorren gyng noch oant 1340 troch. Oant yn 'e 16e iuw bleau de tsjerke it plak dêr't de lângreven fan Hessen begroeven waarden. Mei de reformaasje liet Filips I fan Hessen it omskot fan Elisabeth ferwiderje om sa in ein te meitsjen oan 'e ferearing fan reliken. Yn 'e rin fan 'e 16e iuw bekearden de measte bruorren fan 'e Dútske Oarder harren ta it protestantisme en sa waard ek de Elisabethtsjerke in protestantsk gebou. In diel fan 'e oarspronklik ryk mei bylden fersierde tsjerke waard troch lângreve Maurits yn 1609 ferwidere.
Yn 1945 waarden de sarken fan 'e Prusyske keningen Freark II en Freark Willem I yn in sâltmyn yn Tueringen opslein en troch de Amearikanen letter nei de Elisabethtsjerke brocht. Yn 1952 ferhûzen se nei de kapel fan it kastsiel Hohenzollern.
Yn 'e kapel fan 'e noardlike toer fan 'e Elilsabethtsjerke leit it grêf fan 'e eardere rykspresidint Paul von Hindenburg en syn frou Gertrud. Beide wiene yn 1934 yn it Tannenbergmonumint yn East-Prusen byset woarn. Om tefoarren te kommen dat de omskotten yn 'e hannen fan it Reade Leger falle soene, liet Hitler op 12 jannewaris 1945, in dei foar it begjin fan 'e slach om East-Prusen, de kisten fan it echtpear troch ienheden fan 'e Wehrmacht út it monumint helje en fierder fan it front it lân yn bringe. Tsjin 'e ein fan 'e kriich stiene de twa kisten yn in Tueringer sâltmyn, dêr't se yn 'e simmer fan 1945 troch it Amearikaanske leger ûntdutsen waarden. Yn augustus fan 1946 waarden se yn 'e toer fan 'e Elisabethtsjerke byset.
De tsjerke krige yn 2004 in ambo fan 'e byldhouwer Johannes Kirsch út Petersberg. Hy makke ek de Peaskeljochter fan 'e tsjerke.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 2006 troch Johannes Klais út Bonn foltôge. It besit 57 registers op trije manualen en pedaal. De spyltraktuer is mechanysk, de registerstraktuer is mechanysk/elektrysk. It ynstrumint waard op 5 novimber 2006 yn gebrûk nommen. It moderne front fan it oargel nimt de foarmen fan 'e gotyk oan.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Portaal.
-
Heechalter.
-
Sarkofaach Sint-Elisabeth.
-
Klais-oargel.
-
Alterstik.
-
Byld Elisabeth mei tsjerkemodel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|