Springe nei ynhâld

Ekstremadoera

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ekstremadûra)
Ekstremadoera
Extremadura
Flagge Wapen
Lokaasje yn Spanje
Algemien
Haadstêd Merida
Oerflakte 41.634
Befolking 1.083.879
Befolkingstichtens 26,03
Oare ynformaasje
Heechste punt Calvitero 2.425 meter
Provinsjes

Ekstremadoera is ien fan de 17 autonome mienskippen fan Spanje, en is as sadanich oprjochte yn 1983. It leit yn it súdwesten fan Spanje en grinzet oan Portugal en de regio’s Kastylje-La Mansja, Kastylje en Leön en Andalûsje. Op 1 jannewaris 2005 hie Ekstremadoera in befolking fan 1.083.879. De haadstêd is Merida, mei om-ende-by 70.000 ynwenners, de grutste stêd is Badajoz mei sa'n 150.000 ynwenners.

Skiednis yn it koart

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De omkriten fan Ekstremadoera steane al ûnder dizze namme bekend sûnt de Romeinske tiid en Merida (Emerita Augusta) wie doe al in wichtige stêd. Nei de Romeinen kamen de Germaanske oermasterders lykas de Fandalen en Fisigoaten, en nei harren kamen de Moaren.

In protte Konkwistadores, krekt as Hernán Kortés, Fransisco Pizarro, Pedro de Alvarado en Pedro de Valdivia wiene ôfkomstich út Ekstremadoera. Hjirtroch komme in soad plaknammen út dizze kontreien ek foar yn de Nije Wrâld.

Sierra de Gredos yn Ekstremadoera

Yn Ekstremadoera komt net folle yndustry foar en dêrom is der noch in soad natuer werom te finen en komme trije grutte natuerparken foar, lykas de Siërra de Gredos, Park Nasjonal de Monfraguë. Fierders streame der twa wichtichste rivieren troch de regio, nammentlik de Taach yn it noarden en de Guadiana yn it suden.

It uterste noarden fan Ekstremadoera is bercheftich en lizze de sierras (berchketens) fan it Katyljaanske skiedingsberchtme (Spaansk: Sistema Sintral), dy't besteane út de Sierra de Gredos, de Sierra de Béjar mei de heechste piken en de Sierra de Gata dy't Ekstramadoera skiedet fan Kastilje.

Yn de midden lizze de Sierra de las Villuercas en de Sierra de San Pedro dy't in part foarme fan de bergen fan de Montes de Toledo. Yn it suden rize de Sierra Morena omheech dy't Ekstremadoera skiedt fan Andalûsje.

Yn de natuergebieten libben noch in protte seldsume dieren dy't mei útstjerren bedrige wurde, û.o. de Pardellynks of Spaanske lynks, de Grutte trap en de Wolf.

Nijsgjirrichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ekstremadura ken trije monuminten dy't op 'e wrâlderfgoedlist fan de UNESCO steasn:

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ekstremadoera bestiet út twa provinsjes:

Provinsje Haadstêd
Badajoz Badajoz
Cáceres Cáceres
autonome mienskippen fan Spanje Flagge fan Spanje
AndalûsjeAragonAstuerjeBaleärenBaskelânEkstremadoeraFalinsiaGalysjeKanaryske EilannenKantaabrjeKastylje en LeönKastylje-La MansjaKataloanjeMadridMoersiaNavarraLa Riocha
autonome stêden fan Spanje
CeutaMelilla
· · Berjocht bewurkje