Efsiks
Efsiks | |||
| |||
Lingte | 6,00 m | ||
Breedte | 2,00 m | ||
Djipgong | 0,80 m | ||
Gewicht | 500 kg | ||
Bemanning | 2 | ||
Seiloerflak | 18,80 m² | ||
Untwerp | E.G. van de Stadt | ||
Jier | 1975 |
De Efsiks (offisjeel Efsix) is een middelgrutte iepen sylboat, in twamans wedstriidklasse boud fan polyester mei ophelbere kyl. It hat in spinnaker fan 22,3m².
Eigenskippen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De boat is sloeptúgd mei toertúch en fiert in grutseil fan 12 m². It roer is oanhong. De kyl waacht 150 kg en is maklik folslein ophelber middels in liere. Hjirtroch is de Efsiks ienfâldich trailerber.
De Efsiks is in snelle en tagelyk komfortabele boat, wêrby't de hichte fan in gongboard en de ûnderdekse skoatfiering foar in goede ergonomy soargje. Fierders is de Efsiks mearsidich, hat in boartlik karekter en is tige goed te stjoeren.
Troch de ergonomysk foarme kúprâne, de ynrjochting fan de kúp en de ûnderdekse montaazje fan it beslach sit en beweecht men him tige noflik yn de boat. By toersilen is der romte foar 4 persoanen. It gedieltlik ferhege foardek, de flakke kúpflier en de soad berchromte, biede mooglikheden foar kampearen oan board. De sterke rubberen stjitrâne beskermet de boat tsjin skansearrings.
De Efsiks is in ûnderhâldsfrije boat.
Sûnt de earste boat wurde de eigenskippen sekuer beskreaun en hanthavene yn de klassefoarskriften. Hjirtroch binne alle boaten standert itselde útrêste. Dit hat as gefolch dat by it NK in boat út 1975 noch prima mei in nije boat om in eareplak sile kin.
De Efsix Klasse Organisaasje Nederlân (EKON) is in feriening dy't sûnt 1976 jierliks ferskate eveneminten en wedstriden organisearret. Ek wurde der geregeldwei trenings jûn yn de spesifike knepen fan it wedstriidsilen. Neist wedstriden yn Nederlân kinne der ek wedstriden yn Dútslân en Belgje syld wurde. Foarbylden fan wedstriden dêr't Efsiksen oan meidogge binne: Snitswike, Krús fan Heech, North Sea Regatta en Nasjonale en Dútske kampioenskippen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ûntwerp fan de Efsiks komt út 1975 en is fan E.G. van de Stadt. De produksje fan de earste 325 boaten is troch de Hollânske werf Foacon dien, mei de bedoeling de boat sa gau mooglik as offisjele wedstrydklasse erkend te krijen. Dat waard binnen 3 jier berikt. De boat blykte yn Dútslân in grut súkses. Dit wie oanlieding foar it Dútske Fritzmeier de bou oer te nimmen, oant in totaal fan ûngefear 600 boaten berikt wie. Fan 1991 - 2005 boude de werf J. Ter Veen op De Lemmer de Efsiks 2000 rige. Fan 2006 - 2009 hat Hoora út Heech de Efsiks 2100 searje boud. Hoora hat ferskillende ferbetterings oanbrocht, lykas in ûnderdeks rôlfok systeem en fêste kasten yn de gongboarden. Sûnt 2010 bout De Kloet út Kortenhoef de Efsiks.