Edward Evans, 1e baron Mountevans

Ut Wikipedy
Edward Evans by de Terra-Nova-Ekspedysje (1911)
Evans syn hantekening
Admiraal Lord Mountevans yn 1944

Edward Ratcliffe Garth Russell Evans, 1e baron Mountevans, KCB, DSO, (Londen, 28 oktober 1880 - Golaa by Oslo, Noarwegen, 20 augustus 1957), ek bekend as "Teddy" Evans, wie in Britsk marineofsier en ûntdekkingsreizger fan Antarktika.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Evans naam tsjinst yn de Royal Navy en berikte yn 1900 de rang fan Sub-Lieutenant. Op de earste Antarktika-ekspedysje fan Robert Falcon Scott wie er twadde ofsier op it befoarriedingsskip SY Morning; it wie syn earste besite oan de Súdpoalkontreien.

Under de British Antarctic Expedition 1910 nei de Súdpoal wie Evans waarnimmend ekspedysjelieder en kaptein fan de Terra Nova. By de tocht fan Scott nei de Súdpoal hie er de lieding oer de lêste befoarriedingsgroep, dy't op 230 km fan de poal om reden fan allerhanne tebeksetters omkeare moast. By dy weromreis hie Evans te lijen fan skuorbot en moast er lange einen troch oare ekspedysjeleden op in slide lutsen wurde. Hy moast doe werom nei Ingelân, mar gie it neifolgjend jier werom om de oerlibbenen fan de ekspedysje op te heljen. Kaap Evans op Antarktika is nei him ferneamd.

Nei syn ferbliuw yn it Antarktysk gebiet tsjinne Evans fierder yn de Royal Navy. Yn de Earste Wrâldkriich wie er ûnder mear kommandant fan de ûnderseeboatjager HMS Broke en levere er mei dat skip yn 1917 slach mei Dútske torpedoboaten yn de Strjitte fan Dover. Hy waard dêrfoar ûnderskieden mei de Distinguished Service Order en befoardere ta Kaptein op See.

Yn 1921/22 hie Evans it befel oer de lichte kruser HMS Carlisle en yn 1926/27 oer de slachkruser HMS Repulse. As Rear Admiral (twa-sjerre admiraal) wie er fan 1929 oant 1931 kommandant fan it Australian Squadron fan de Australyske Marine. Dêrnei, yn 1933 wie er kommandant fan it Afrika-station by Kaap de Goede Hope) as fice-admiraal en fan 1936 ôf as admiraal (Commander-in-Chief, The Nore) op The Nore (yn de mûning fan de Medway).

Yn Twadde Wrâldoarloch wie Evans belêste mei de boargerferdiging fan Londen. Yn 1945 waard er fanwege syn fertsjinsten as Baron Mountevans adele.

Evans, dy't twaris boaske west hie, stoar yn 1957; de aadlike titel gie oer op syn âldste soan.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: