Esens
Esens | ||
Riedhuis, it eardere Paleis von Heespen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Provinsje | Nedersaksen | |
Landkreis | Wittmund | |
Boargemaster | Klaus Wilbers (SPD) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 7.310 (2020) | |
Oerflak | 26,83 km² | |
Befolkingsticht. | 337 km² | |
Hichte | 3 m | |
Oar | ||
Stifting | neamd yn 800 | |
Postkoade | 26427 | |
Offisjele webside | ||
www.esens.de |
Esens is in gemeente en stêd yn East-Fryslân yn de Dútske dielsteat Nedersaksen, en is part fan de samtgemeinde mei deselde namme yn it landkreis Wittmund. Esens leit sa'n fjouwer km fan de Waadsee ôf.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nettsjinsteande it feit dat Esens militêr sjoen net wichtich wie, hie de stêd op 27 septimber 1943 swier te lijen fan in alliëard bombardemint dêr't 65 deaden by foelen. Letter die bliken dat de bommen foar Emden ornearre wienen.[1]
Oant yn 1940 hie Esens ek in joadske mienskip.[2] De eardere synagoge en de Joadske skoalle binne der noch; de synagoge is no in garaazje.
Bensersyl
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bensersyl leit oan de noardkust fan East-Fryslân, op 4 kilometer fan Esens, dêr't it ek ta heart. It kustplak is in kueroarde (Seeheilbad) en hat in jacht- en fiskershaventsje. Mei in fearboat is it eilân Langereach út Bensersyl wei te berikken.[3]
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Tsjerke
-
Sarkofaach fan Sibet Attena yn de tsjerke
-
De eardere synagoge (mei op de eftergrûn de joadske skoalle)
-
Junker-Balthasar-boarne
-
Bensersiel
-
Stasjon Esens
-
-->
Bekende ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Balthasar fan Esens († 1540), frijheidsstrider en seerôver
- David Fabricius (1564–1617), teolooch, amateurastronoom en kartograaf
- Johann Hülsemann (1602–1661), luthersk teolooch
- Philipp Heinrich Erlebach (1657–1714), komponist
- Christian Eberhard, (1665–1708), foarst fan East-Fryslân út it hûs Sirksena
- Johann Gottfried Rohlfs (1759–1847), oargelbouwer
- Gerhard Moritz Roentgen (1795–1852), Nederlânsk see-offisier, yngenieur en skipsbouwer
- Arnold Rohlfs (1808–1882), oargelbouwer
- Gerd Sieben Janssen (1802–1899), oargelbouwer
- Theodore Thomas (1835–1905), komponist, stifter fan it Chicago Symphony Orchestra
- Ernst Christian Carl Kruse (1836–1900), dokter en politikus
- Johann Gerhard Behrens (1889–1979), evangelysk-lutersk predikant en astronoom
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Esens fan Wikimedia Commons. |