David Fabricius

Ut Wikipedy
Monumint foar David en Johann Fabricius op it tsjerkhôf fan Osteel

David Fabricius (Esens (East-Fryslân), 9 maart 1564 - Osteel, 7 maaie 1617) wie in East-Frysk teolooch, amateurastronoom en kartograaf. Hy wie de heit fan Johann Fabricius, dy't yn it jier 1611 syn earste wittenskiplike stik oer sinneflekken skreau, neidat er tegearre mei syn heit de sinne ûndersocht hie.

David Fabricius die teleskopysk ûndersyk nei de sinne fan ús sinnestelsel en de moanne fan de ierde. Fierders ûndersocht er stjerren en planeten; hy hie bysûndere ynteresse foar de planeet Mars. Neist de astronomy hie er belangstelling foar de meteorology. Yn 1589 makke hy de earste printe kaart fan East-Fryslân.

De grutte (90-kilometer trochsnee) krater Fabricius yn de súdlike hemisfear fan de Moanne is nei David Fabricius neamd. Yn 1895 is in monumint oprjochte op it tsjerkhôf yn Osteel dêr't er pastoar wie fan 1603 oant 1617.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]