Drijber

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing gemeente Midden-Drenthe yn Drinte
Lizzing Drijber yn Midden-Drenthe

Drijber is in doarpke yn de provinsje Drinte, hearrend ta de gemeente Midden-Drenthe. It leit súdeast fan Wijster. Oan it Binnenfjild leit in pingo.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al om 300 hinne moat hjir in delsetting west hawwe mei sa'n fjirtich wenten. Nei 425 is de delsetting ferdwûn om yn de Midsiuwen wer te ûntstean. It gebiet bestie út grutte ikebosken op de hege grûnen en ûnbegeanbere broekbosken oan de rivierkes en fierders feanen en grutte heidefjilden. Hjir waard skiep hâlden dy't de heide koart hâlden. It groeiende ferlet fan hout makke lykwols dat de bosken geande wei ferdwûnen. As ien fan de lêste stikken bosk ferdwûn yn 1878 de Drijberske bosk.

De boeren dy't de essen en miedlannen bewurken libben yn lytse mienskippen en foarmen sa de boer- of buorskippen. Yn de 12e en 13e iuw waarden de woeste grûnen as offisjeel besit fan in buorskip beskôge en ûntstienen de saneamde boermarken. De memmeboerskippen foarmen soms mei de dochterboerskippen ien boermarke. Sa hawwe ek Spier, Wijster en Drijber mei elkoar ien marke útmakke.

Der besteane meardere ferklearrings foar de namme. De útgong -burd (buorskip soe wize kine op it tredde buorskip neist Wijster en Spier. Mar it Rynlânske wurd ‘dreibord’, in boatsje fan trije planken, as fear om it Oude Diepje oer te stekken soe kinne. En dan is der noch de namme Triburd wat in konneksje hawwe kin mei de lânnamme Hulzedink besuden it doarp. Yn de twadde iuw fêstigen har mooglik in soad Friezen yn dizze kontreien.

Pas begjin 20e iuw wurdt in begjin makke mei de ûntginning fan grutte stikken heidefjild. Yn 1923 wurdt it Linthorst Homankanaal groeven troch wurkleaze feanarbeiders út Emmen. Troch de komst fan it kompostearingsbedriuw fan de VAM yn Wijster waarden yn Drijber foar it earst in tal boargerwenten setten en kamen der ek net-boeren yn it buorskip. Yn 1929 ferskynt der sels in skoaltsje yn Drijber.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oer Drijber
  • Bruun Feijen - Christelijke Nationale School Drijber 50 jaar
  • W.F.M. Ahoud - Genealogie van het geslacht Drijber


Gemeente Midden-Drinte
Haadplak | Beilen |
Oare kearnen: | Balinge | Bovensmilde | Brunsting | Bruntinge | Drijber | Elp | Eursinge | Garminge | Hijken | Hijkersmilde | Holthe | Hoogersmilde | Hooghalen | Ter Horst | Laaghalen | Laaghalerveen | Lieving | Makkum | Mantinge | Nij-Balinge | Oranje | Orvelte | Smilde | Spier | Súdfjild | Swiggelte | Westerbork | Wijster | Witteveen |
wizigje