Balinge

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lizzing fan Balinge yn Middel-Drinte
In nammeboerd fan Balinge

Balinge ( Drintsk:Baoling ) is in iesbuorskip yn de gemeente Midden-Drinte (oant 1998 Westerbork, oant 2000 Middenveld ) súdlik fan Westerbork en eastlik fan Wijster; fanâlds mienskiplike ies en griengrûnen nei it noardliker lizzende Garminge: Garminger- en Balingeres en Garminger- en Balingerstikken. Súdeastlik fan it doarp leit it Balingerfjild (boulân), 2 km fierder nei it suden it Balingersân (heide, sânferstowing) en 6 km súdliker it doarp Nij-Balinge.

Boarnen neame: yn 1381-1383 Balinghe en Bolingen, en letter Baelinghe, Ballinge, Baallinge en Baalinge. De betsjutting fan de namme is: by de lju fan de persoan Bale of Balle, dy't fan Baldo komme, de dappere, de moedige. De skaainamme komt foar yn 1437 en 1438 as (Otto) Balinghe resp. (Otto) Balynghe.

Balinge en Garminge en it súdwestlik derfan lizzende Mantinge binne satellytdelsettings fan(út) Westerbork. It gea wurdt pleatslik Broekstreek neamd. Skimpnamme foar de ynwenners: Stalpaolen, stive, houtene, net bot ploaibere lju.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Gemeente Midden-Drinte
Haadplak | Beilen |
Oare kearnen: | Balinge | Boppesmilde | Brunsting | Bruntinge | Drijber | Elp | Eursinge | Garminge | Hijken | Hijkersmilde | Holthe | Hoogersmilde | Hooghalen | Ter Horst | Laaghalen | Laaghalerveen | Lieving | Makkum | Mantinge | Nij-Balinge | Oranje | Orvelte | Smilde | Spier | Súdfjild | Swiggelte | Westerbork | Wijster | Witteveen |
wizigje