Garminge

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lokaasje gemeente Midden-Drinte
Lizzing Garminge yn Midden-Drinte

Garminge (Drintsk: Garming is in iesbuorskip yn de gemeente Midden-Drinte (oant 1998 Westerbork) besuden Westerbork, tichtby it buorskip Balinge (suden). Beide plakjes hawwe in mienskiplike marke en ies, de Garminger- en Balingeres, tusken beide yn lizzend, en de ûnbedonge greiden fan de beekdellingen, de Garminger- en Balingergreiden noardwestlik en de Garminger- en Balingerstikken bewesten Garminge.

Yn 1851-1855 wurdt it Balingerfjild súdeastlik fan Balinge (ek) oantsjutten as it Garminger- en Balingerfjild. Boarnen fermelde: Gharminge en Gherminge (1362) en to Grimminge (1381-1383). De betsjutting is: 'by de lju fan de persoan Garm, Germ of Gharen (de moedige)'.

Mei Balinge, Mantinge en Bruntinge is Garminge in satellytdelsetting fan Westerbork; it gebiet wurdt pleatslik ' Broekstreek' neamd.

Skimpnamme foar de ynwenners: Stalpaolen (stive, houten, net bot ploaibere lju).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Gemeente Midden-Drinte
Haadplak | Beilen |
Oare kearnen: | Balinge | Bovensmilde | Brunsting | Bruntinge | Drijber | Elp | Eursinge | Garminge | Hijken | Hijkersmilde | Holthe | Hoogersmilde | Hooghalen | Ter Horst | Laaghalen | Laaghalerveen | Lieving | Makkum | Mantinge | Nij-Balinge | Oranje | Orvelte | Smilde | Spier | Súdfjild | Swiggelte | Westerbork | Wijster | Witteveen |
wizigje