Springe nei ynhâld

Wijster

Ut Wikipedy
Gemeente Midden-Drinte
Plak fan Wijster

Wijster (Drintsk: Wiester) is in esdoarp yn de provinsje Drinte; yn de gemeente Midden-Drinte. Wijster hat likernôch 1000 ynwenners.

Wijster waard yn 1206 foar it earst yn in geskrift neamd as Wisnare.

Treinkaping 1975

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 2 desimber 1975 waard ûnder Wijster in trein kape troch Súd-Moluksk jongfolk. It wie de earste treinkaping yn de wrâldskiednis. Yn 2007 waard der in film oer de kaping makke. De film hjit Wijster en waard op 29 maaie 2008 foar it earst op telefyzje útstjoerd.

Wijster is ek bekend fanwege de tichteby lizzend stoartberch en ôffalenerzjysintrale dy't eksploitearre wurdt troch Attero, earder Essent Milieu en dêrfoar de nv VAM. It stoart is mei 61 meter boppe NAP it heechste punt fan de provinsje.

Op de top stiet de Blinkerd; in lyts, ûnbemanne ynformaasjesintrum fan Attero en de stichting Het Drentse Landschap.

Keppelings om utenss

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Midden-Drinte
Doarpen:
BalingeBeilenBoppesmildeDrijberElpGarmingeHijkenHoogersmildeHooghalenMantingeNij-BalingeOranjeOrvelteSmildeSpierSwiggelteWesterborkWijsterWitteveen
Buorskippen:
AltingBeilerfeartBrunstingBruntingeDe PolleEursingEursingeHijkersmildeHoltheKlateringLaaghalenLaaghalerveenLievingLievingerveldMakkumNorgerfeart (foar in part)OosthalenRheeveldSmalbroekTer HorstSúdfjild
· · Berjocht bewurkje