Doniatsjerke

Ut Wikipedy
Doniatsjerke
bouwurk
De herfoarme tsjerke fan Makkum op de Sint-Martensterp yn 2011
De herfoarme tsjerke fan Makkum op de Sint-Martensterp yn 2011
lokaasje
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân vlag.svg Súdwest-Fryslân
plak Flagge fan Makkum.gif Makkum
adres Tsjerkebuorren 37
koördinaten 53° 3' 34" NB, 5° 23' 58" EL
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
subtype gotyk
boujier 1660
1652 (toer)
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 39373
kaart
Doniatsjerke (Makkum)
Doniatsjerke

De Doniatsjerke is in yn goatyske styl boude herfoarme tsjerke, yn de âlde kearn fan de Makkum.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard yn 1660 boud en ferfong de earder ôfbrutsen Sint-Martenstsjerke op dit plak. De toer wie acht jier earder boud en hearde noch by de âlde tsjerke. Nei de ôfbraak fan dy tsjerke bleau de toer stean en waard de nije tsjerke der tsjinoan boud. De tsjerke leit op de lykneamde Sint-Martensterp yn de âlde agraryske buorren fan Makkum. Letter wreide it plak him fierder út nei it suden ta en kaam bûten de buorren te lizzen yn it by Makkum foege Statum, by de slûs nei de eardere Sudersee yn de farrûte nei Boalsert. De oarspronklike yngong fan de tsjerke wie yn de toer oan de westkant. Yn 1887 waard der in nije yngong yn it koar oan de eastkant fan de tsjerke makke. Yn de knobske tsjerketoer, mei trije liddingen en in ynsnuorre spits, hinget in troch Johannes Nicolaus Derck yn 1770 getten klok. Op de toer stiet in wynwizer yn de foarm fan in seehynderke. Yn de tsjerke binne noch in soad oantinkens bewarre oan it aadlike laach Donia, wêrfan de leden har ynspand hawwe foar de bou fan de tsjerke. Ferskate dielen fan it tsjerkeynterieur, wêrûnder de preekstoel, binne makke yn de 17e iuw. It oargel dateart út 1848 en is makke troch de oargelbouwer Carl Friedrich August Naber fan Dimter.

Yn de tsjerke is in grêfpylderke foar de dichteres Cynthia Lenige, lid fan it dichtgenoatskip Kunst kweekt het menschelijk geluk en dochter fan Dirk Lenige, de earste Fryske dichter fan sonnetten. Nei har is yn Makkum in strjitte neamd.

De tsjerke waard restaurearre yn de jierren fyftich fan de 20e-iuw. It yn 1913 yn de toer setten oerwurk, kommend út de tsjerke fan Koarnwert en makke yn 1616, waard by dizze restauraasje weihelle. Nei de restauraasje fan de toer yn 1982 waard dit toeroerwurk út 1616 wer weromsetten.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: