Carl Friedrich August Naber
Carl Friedrich August Naber of Carel Frederik August Naber (Tecklenburg, 1 septimber 1796 - Dimter, 23 augustus 1861) wie in Dútsk-Nederlânske oargelbouwer yn de 19e iuw.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Naber waard berne yn it Dútske Westfalen, mar festige him yn 1825 yn Dimter. Ynearsten arbeide er op mei Heinrich Quellhorst, dy't yn 1825 en 1826 tsjerkoargels makke foar de Grutte Tsjerke yn Elburg en de Betlehemtsjerke yn Swol. Fan doe ôf oan levere er tsientallen oargels yn East-Nederlân.
Apart binne syn oargels dy't yn 1840 en 1844 nei Suriname skipe waarden foar de Herfoarme Tsjerke yn Paramaribo. Mei't it earste ynstrumint by in skipbrek ferlern gie boude Naber in twadde, dat troch kening Willem II betelle waard.
Nei syn ferstjerren yn 1861 gie syn soan Frederik Samuel Naber noch in pear jier troch mei de oargelmakkerij.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Naber organs fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|