Springe nei ynhâld

Elburch (plak)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Elburch (stêd))
Elburch
Stedssicht fanôf de toer fan de Grutte of Sint-Nikolaastsjerke
Stedssicht fanôf de toer fan de Grutte of Sint-Nikolaastsjerke
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Elburch
Boargemaster Frans de Lange (CU)
Sifers
Ynwennertal 12.350(2010)
Oerflak 65,95 km²
Befolkingsticht. 350 / km²
Oar
Postkoade 8080-8082, 8084-8085
Koördinaten
Offisjele webside
Elburg.nl

Elburch (Nederlânsk en offisjeel: Elburg) is in stêd yn de gemeente Elburch yn de provinsje Gelderlân. It is in festingstêd en Hânzestêd en leit oan de Feluwemar en de Drontermar. Yn 2011 hie it plak sa'n 12.350 ynwenners. It gemeentehûs, dat yn de âlde stêd stie, stiet no yn it oanbuorende buorskip Oostendorp.

Oait wie Elburch in fiskers- en hannelsplakje dat streekrjocht op de Sudersee útseach. Nei iuwenlang lêst hân te hawwen fan oerstreamings, waard nei de twadde Sint Marsellusfloed (1362) en de wetterfloed fan 1367 it beslút nomd dat Elburch ferpleatst wurde moast. Willem fan Gulick, de destiidske hartoch fan Gelre, joech syn rintmaster Arent Thoe Boecop de folgjende opdracht:

"Wij willen dat sy onze stat versetten sullen op een andere stede."

Elburch troch Nicolaes van Geelkercken.
Brêge (Vischbrug) by yngong festing
Grutte- of Sint-Nikolaastsjerke

Dit plan koe útfierd wurde troch de wolfeart dy't Elburch as Hânzestêd yn dy tiid hie. Arend Thoe Boecop boude yn fjouwer jier tiid (1392-1396) in stêd mei in rjochthoekige plattegrûn wêryn de strjitten neffens plan oanlein waarden. Dizze planmjittichheid, mei rjocht op elkoar steande strjitten, wie in gefolch fan it feit dat de stêd op de tekentafel ûntwurpen waard. Nei de bou fan de nije stêd stie it tsjerkegebou noch altiten op it âlde stee bûten de nije stêdsmuorren. Pas yn 1397 joech de biskop syn goedkarring om de hjoeddeiske Grutte Tsjerke binnen it nije stedsje te werbouwen. Op dat stuit wie der noch in plak yn de hoeke frij en dus is Elburch ien fan de pear âlde stêden dêr't de tsjerke net sintraal mar oan de râne stiet. De bou fan dizze oarspronklik roomsk-katolike tsjerke en nei de herfoarming fan ein 16e iuw protestantsk wurden tsjerke barde yn sân hasten, want al nei fyftich jier moast de tsjerke renovearre wurde. De puntige toerspits dy't ea op de tsjerke stie, baarnde yn 1693 nei in bliksemynslach folslein ôf, wêrtroch't no allinnich noch mar de hoekige boppebou sichtber én beklimber is.

Elburch waard ein 14e iuw net allinnich fersetten, mar der waard ek in festing fan makke mei grêften, muorren en in oantal ferdigeningstuorren. Yn de 19e iuw waard in grut part fan de festing sljochte om romte te meitsjen foar nije behuzing fan de groeiende befolking. Ien fan de grêften en de Fiskpoarte (dêr't no it Fiskerijmuseum yn sit) binne noch altiten yntakt. It strjittepatroan fan Elburch datearret foar it grutste part út de 14e iuw. It feit dat Elburch neist Hânzestêd ek as festingstêd bekend stiet foarmet in wichtige reden foar toeristen om in besyk oan de stêd te bringen.

Fiskpoarte

De eardere Suderseestêd Elburch hat in lytse haven tichtby de Fiskpoarte. Dizze poarte waard ûnder de namme Visscherstoren as sletten ferdigeningswurk boud, mar waard yn 1592 omboud ta de hjoeddeiske iepen poartetoer. Yn 1992 waarden der opnij poartedorren yn oanbrocht. Yn de Jufferenstrjitte stiet mei in neoklassisistysk bakstiennen poartsje de destiidske, yn 1854 troch de Joadske mienskip boude synagoge. Se waard boud op de fûneminten fan it hûs fan greve Hindrik fan de Berch. It gebou, dat nei de Twadde Wrâldoarloch net mear yn gebrûk kaam as godshûs, is no ûnder de namme Sjoel Elburch in museum dat herinnert oan de Joadske mienskip fan de stêd en fan Nederlân.

It Munthûs fan Elburch sit yn de Fiskpoartestrjitte. Lâns de stedsmuorre by de haven leit de âldste noch wurkjende toubaan fan Nederlân. Yn de Skiepestege stiet it yn goatyske styl boude Arent Thoe Boecophûs. Dat gebou hie de rintmaster foar syn opdrachtjouwer de hartoch fan Gelre bouwe litten, dy't it op syn beurt oan de rintmaster skonk. Dy syn bern ferkochten it yn 1401 oan de stêd Elburch. Fan 1401 oant 1954 siet it stedhûs fan Elburch hjiryn. Yn de Suderwâlstrjitte leit efter de griene houten doar de kleastertún fan it út de 15e iuw stamjende eardere Agnitenkleaster. Hjir siet nei 1954 it gemeentehûs yn, no jout it ûnderdak oan it Museum Elburch. De eardere refter fan it kleaster wurdt noch brûkt as ried- en trouseal.

Yn Oostendorp stiet De Tiid, in stellingmole dy't faak op sneon yn it wurk stiet. It Nasjonaal Histoarysk Oargelmuseum stiet oan de Brouwersteech yn Elburch.

De Nederlânske opperbefelhawwer fan de fleat en filantroop Jan Hendrik van Kinsbergen hat fan 1796 - 1799 yn Elburch yn in dûbelpandich hûs oan de Jufferenstrjitte 17 en 19 wenne, foardat hy nei Apeldoarn, nei Huzinge Weltevreden, ferfarde. Ek in diel fan syn jeugdjierren hie hy yn Elburch trochbrocht. As rike filantroop sette hy him ûnder oare yn foar it ûnderwiis en de hûsfêsting fan earmen yn Elburch. Hy wie mei-oprjochter fan in ûnderwiisynstelling, it Ynstitút van Kinsbergen.[1]

Tichtby de tsjerke is in strjitte nei Van Kinsbergen neamd. Fanút de tsjerke sjoen is it it earste hûs oan de rjochterkant yn dizze strjitte. Oarspronklik wie it in gildehûs, dat yn 1585 in weeshûs waard. Oan de ein fan de 18e iuw waard der in Latynske skoalle fêstige, it hjirfoar neamde Ynstitút van Kinsbergen. Van Kinsbergen skonk syn nautyske ynstrumintaria en syn bibeteek oan dizze skoalle en steunde de skoalle ek finansjeel. No is it in tsjerklik sintrum fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke. Boppe de doar stiet yn in cartouche in gedichtsje fan Vondel, de oerseting is:

"Rjchtsje jo geast op de stúdzjes en al wat skoander en earber is."

Berne yn Elburch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stedsmuorre

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Biografisch Woordenboek Gelderland Jan Hendrik van Kinsbergen