Springe nei ynhâld

Bert Smallenbroek

Ut Wikipedy
Boargemaster Smallenbroek (1983)

Albert Gerhard (Bert) Smallenbroek (Elburch, 31 oktober 1936) is in earder Nederlânsk boargemaster.

Smallenbroek waard yn 1936 yn Elburg berne as soan fan de lettere minister van Binnenlânske Saken Jan Smallenbroek en fan Janna Harmina Buning. Hy studearre rjochten en notariaat oan de Frije Universiteit yn Amsterdam. Nei syn stúdzje waard er kandidaat-notaris yn Putten en dêrnei gemeente-amtner yn Utert.

Yn 1971 waard er beneamd ta boargemaster fan Harmelen. Nei fiif jier ferruile er dy funksje foar it boargemasterwêzen fan Waddinxveen. Wer fiif letter, yn 1981, waard er beneamd ta boargemaster fan Smellingerlân as opfolger fan Rinse Zijlstra. Yn dy gemeente ûntstie in fertrouwenskwestje mei de gemeenteried. De direkte oanlieding om it fertrouwen yn Smallenbroek op te sizzen wie de saneamde "Swolske affêre", in jûntsje "stappe" mei syn kollega Faber yn Swol. Der wie lykwols al langer krityk fan de rie op de wize fan útoefenjen fan de boargemastersfunksje fan Smallenbroek, mar dit was "de drip dêr't de amer fan oerrint".[1] Ynearsten wegere Smallenbroek om oan it oordiel fan de rie konsekwinsjes te ferbinen, mar letter besleat er dochs om per 31 desimber 1988 syn ûntslach as boargemaster yn te tsjinjen. Hy waard opfolge troch Pieter van der Zaag.
Yn 1991 waard Smallenbroek foarsitter fan de kommisje Sanering Ziekenhuisvoorzieningen. Yn 1992 joech er dy funksje oer, wer om reden fan te min fertrouwen yn syn foarsitterskip by de oare leden.

Smallenbroek wie lid fan de ARP en waard dêrnei lid fan it CDA. Begjin jierren tachtich hearde er by de leden fan it CDA, dy't harren fersetten tsjin it pleatsen fan krúsraketten yn Nederlân en wie ien fan de oprjochters fan it komitee fan CDA'ers tsjin dy pleatsing.

Smallenbroek is troud en hat trije bern.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Versteeg, Bea Smallenbroek wist precies wat hij wilde yn Reformatoarysk Deiblêd, 25 okt 1988, s.5