Domtsjerke fan Ribe
Domtsjerke fan Ribe | ||
Lokaasje | ||
lân | Denemark | |
Regio | Súd-Denemark | |
plak | Ribe | |
adres | Klingenberg 18 | |
koördinaten | 55° 19' N 8° 45' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
bisdom | Fún | |
patroanhillige | Marije (mem fan Jezus)Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1110-1134 | |
boustyl | Romaanske arsjtektuer | |
Webside | ||
Hiemside bisdom domtsjerke | ||
Kaart | ||
De Domtsjerke fan Ribe of Us-Leaffrouwetsjerke (Deensk: Ribe Domkirke of Vor Frue Kirke) yn 'e Deenske stêd Ribe is de biskopstsjerke fan it lutherske bisdom Ribe.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stifting fan it roomske bisdom Ribe fûn plak yn it jier 948. Tusen 1110 en 1134 waard de stiennen domtsjerke ûnder biskop Thure boud. Foar dy tiid stie mooglik op itselde plak al sûnt 860 in houten tsjerke, dy't stifte wie troch Ansgarius (801-864). Iver Munk wie de lêste roomske biskop fan Ribe. Nei de reformaasje stoar er yn 1539 en waard er begroeven yn 'e dom.
De reformaasje waard yn Denemark yn 1536 ynfierd. Sûnt is de tsjerke in luthersk gebou. De reformator Hans Tausen (1494-1561), dy't ek bekend stiet as de Deenske Luther, wie fan 1542 oant syn dea de twadde protestantske biskop fan Ribe.
In grutte restauraasje fan 'e dom fûn yn 'e jierren 1882-1904 ûnder lieding fan de arsjitekt H.C. Amberg plak.Doe binne de dowestiennen dielen wer yn 'e oarspronklike foarmen werom brocht. De yn 1791 ôfbrutsen súdlike Marijetoer waard neffens Rynlânske foarbylden wer rekonstruearre.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke wurdt hjoed-de-dei as ien fan 'e bêst bewarre romaanske domtsjerken fan Denemark beskôge. Troch ferskillende útwreidings yn 'e 14e en 15e iuw waard de dom it iennige fiifskippige tsjerkegebou fan Denemark.
De tsjerke is 63 meter lang 36 meter breed en hat twa westlike tuorren. De Borgertårnet (stedstoer) wie oarspronklik 65 meter heech en hie in spits, mar yn 1534 stoarte de toer yn. De restauraasje folge yn 1595 mar der wie gjin jild om 'e spits op 'e nij te bouwen en sa krige de toer in plat dak. De toer is de grutste toeristyske attraksje fan Ribe en alle jierren klimme minsken nei it útsjochpunt om op heldere dagen kilometers fier te sjen. Hjoed-de-dei is de toer 50 meter heech. De Mariatårnet (Marijetoer) is minder heech, mar arsjitektoanysk riker útfierd. Boppe it eastlike koer is in noch in krusingstoer.
It 12e-iuwske portaal yn it súdlike dwersskip is it haadportaal fan de domtsjerke. It 'kattekopportaal' hat syn namme te tankjen oan 'e liuwekoppen ûnder de twa pylders njonken de doar. De doar sels is ien fan 'e trije doarren dy't Anne Marie Carl-Nielsen yn 1904 foar de katedraal makke. Fuort boppe de doar is yn it rûnbôgich timpaan in 12e-iuwsk reliëf fan 'e krúsôfnimming te sjen. Boppe dat reliëf is yn in trijehoek in foarstelling út 'e earste helte fan 'e 13e iuw fan it Himelsk Jeruzalim oanbrocht.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ramt fan de 19e-iuwske restauraasje ûntwurp Amberg in stiennen siboarium, dat yn 'e jierren 1980 by in nije ynrjochting fan it koer mei mozaïeken en muorreskilderings fan Carl-Henning Pedersen ferwidere waard.
Katolike keunst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de 19e-iuwske restauraasje fan 'e tsjerke waard de oarspronklike ferflaach ferneatige, dy't mooglik noch ryk oan midsiuwske skilderkeunst wie. Fan 'e eardere beskildering yn 'e roomske tiid binne mar in pear foarstellings bewarre bleaun. Yn it middenskip is op in pylder de Jongfaam Marije mei Jezus op har earm te sjen en op ien fan 'e pylders dêrnjonken de apostels Bartoloméus en Andréas (1530).
Op de westlike muorre fan it noardlike sydskip is byldegroep Sint-Joaris mei de draak te sjen.
Ek út de katolike tiid fan 'e dom is it goatyske doopfont (1400-1450) mei in út Súd-Dútslân ôfkomstige skaal. it doopfont wurdt droegen troch liuwen en ingels.
Preekstoel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De preekstoel stiet midden yn 'e tsjerke en waard yn 1596 boud troch Jens Asmussen út Odense. De preekstoel is fersierd mei panelen fan û.o. in krusigingsfoarstelling.
Grêfmonuminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tsjerke stiet de (lege) sânstiennen sarkofaach fan kening Kristoffel I (1259). It is de âldste grêfplaat fan in kening yn Noard-Europa. De grêfplaat fan 'e lêste roomske biskop Iver Munk wurdt taskreaun oan Claus Berg út Odense.
Fotyfskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it noardlike sydskip fan 'e domtsjerke hinget in fotyfskip fan 150 sm lang mei de namme "Marie". It fregat is it model fan 'e "Rota", dat yn 1822 yn Kopenhagen boud waard. It model waard skonken troch in ynwenner fan Ribe ta neitins oan syn frou Marie.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 1973 efter de besteande barokke] oargelkas út 1634-1635 troch de Deenske oargelbouwers fan Frobenius boud. Yn 1994 fûn der noch in útwreiding plak. It sleeplade-ynstrumint hat 50 registers op fjouwer manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne mechanysk.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen/literatuer, sjoch: op dizze side.
|