Domtsjerke fan Graz
Domtsjerke Sint-Egidius
Dom St. Ägidius | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Eastenryk | |
dielsteat | Stiermarken | |
plak | Graz | |
adres | Burggasse | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1438-1462 | |
boustyl | Gotyk, barok tafoegings | |
monumintale status | Monumint | |
monumintnûmer | 56724 | |
offisjele webside | ||
Side bisdom |
De Domtsjerke fan Graz (Dútsk: Grazer Dom), ek bekend ûnder de namme Sint-Egidiusdom (Dom St. Ägidius), is de katedraal fan it roomske bisdom Graz-Seckau. De tsjerke waard yn opdracht fan Freark III yn de jierren 1438-1462 yn goatyske styl boud. Fuort by de domtsjerke stiet it mausoleum fan keizer Ferdinand II.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan de earste oan Sint-Egidius wijde tsjerke út de 12e iuw bleau neat bewarre. Tagelyk mei de bou fan de boarch yn opdracht fan keizer Freark III, waard ek útein set mei de bou fan in nije tsjerke. Lykas by alle ûnder de keizer boude bouwurken binne ek yn de domtsjerke de ynskriften AEIOU mei de jiertallen oanbrocht. Yn de sakristy is bygelyks it jiertal 1438 te finen, yn it koerferwulft it jiertal 1450, it westlik portaal it jiertal 1456 en yn de fresko's fan it ferwulft it jiertal 1464.
Yn 1577 waard de tsjerke oerdroegen oan de jezuïten, dy't yn 1615 in nije sakristy en in pear jier letter fjouwer nije kapellen bouwe lieten: de Pestkapel, de Mater Dolorosakapel, de Fransiskus Ksaveariuskapel en de Krúskapel. Under de tsjerke waard yn 1678 in nije grêfkelder oanlein, der't de tagong fan yn 1783 tichtmitsele waard. Nei it ûntbinen fan de Jezuïte-oarder troch paus Klemens XIV krige de tsjerke de status fan katedraal. Oan de tsjerke waard fierder net in soad mear feroare.
It ferbod fan Joazef II op tsjerkhôven yn de binnenstêden hie fan gefolch dat it tsjerkhôf romme waard. In ferbiningsgong mei it jezuïetekolleezje waard yn 1831 ôfbrutsen. Yn de jierren 1853-1854 folge ek de ôfbraak fan in ferbiningsgebou mei twa ferdjippings mei de boarch, sadat de tsjerke hielendal frij kaam te stean.
By ii fannijs ynrjochtsjen fan de tsjerke yn de jierren 1962-1963, neffens in ûntwerp fan Karl Raimund Lorenz, krige de tsjerke in folksalter en waard it smei-izeren hek tusken it skip en it koer ferwidere.
Nei in oanpassing fan de grêfkelder yn de dom ûnder de Marijekapel en de Krúskapel, waarden yn 2010 de yn it mausoleum fan keizer Ferdinand bysette biskoppen oerbrocht nei de grêfkelder foar de biskoppen fan Graz-Seckau yn de dom.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjintwurdich binne de oarspronklik beskildere bûtenmuorren fan de tsjerke wyt. In pear fresko's binne lykwols bewarre bleaun. It bekendste dêrfan is it oan Thomas fan Villach taskreaune Gottesplagenbild op de súdlike muorre fan it skip (1480). Graz hie yn dy tiid mei trije grutte rampen te krijen: de pest, de Turkske ynfallen en in sprinkhoannepleach. De kapellen en de dakruters datearje net út de boutiid, mar binne letter tafoege.
Oan de bûtenmuorren binne in soad grêfstiennen fan de 16e oant 20e iuw ynmitsele.
It rynsk fersierde westlike portaal stiet noch yn de tradysje fan de goatyske boukeunst. De konsoles mei ingels en baldakinen binne orizjineel, de bylden fan Marije, Joazef, Jehannes de Doper en de hillige Leopold binne 19e-iuwsk.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ynterieur fan de dom waard feroare troch û.o. de ynbou fan sydkapellen en in barokke oargeltribune, mar ek hjoed-de-dei is noch te sjen dat de dom in halletsjerke is. It gebou is trijeskippich. Efter de hege triomfbôge giet in lang preesterkoer skûl. Fan de letgoatyske fresko's út 1464 bleaune in foarstelling fan Sint-Kristoffel boppe de sydyngong en florale dekoraasjes yn it ferwulft fan de sydskippen bewarre.
Ut de tiid fan keizer Freark bleau mar ien keunstwurk bewarre: it om 1457 hinne troch Conrad Laib makke skilderij fan de Krusiging. It die eartiids tsjinst as alterskilderij fan it krúsalter yn it doksaal. Fanwegen it grutte tal persoanen op it skilderij wurdt it wurk Kreuzigung im Gedräng ("Krusiging yn it Gekring") neamd. It skilderij stiet mei de goudkleurige eftergrûn noch hielendal yn de goatyske tradysje, mar de realistyske figueren op it skilderij wize op de renêssânse. It skilderij hinget tsjintwurdich yn de Kapel fan Freark.
Yn de noardlike Barbarakapel, eartiids de sakristy, binne slútstiennen fersierd mei de hillige Veronika mei switdoek en in ingel mei it Eastenrykske wapenskyld. Njonken religieuze foarstellings hawwe de slútstiennen yn it skip ek wrâldske foarstellings, lykas wapens. Boppe de Barbarakapel binne noch twa kapellen Op de earste ferdjipping leit de Kapel fan Freark III en dêrboppe de yn renêssânse styl útfierde Romualdkapel. De kappellen stiene eartiids troch in brêge yn ferbining mei de boarch fan Graz.
De jezuïeten feroaren yn de jierren 1577-1773 in soad oan de tsjerke. Hja lieten û.o. de barokke dakruter en in gong fan de tsjerke nei de boarch bouwe (yn 1831 ôfbrutsen). Dêrnjonken lieten hja nije kapellen en in nije sakristy oanbouwe. It goatyske doksaal waard sloopt, sadat it tsjerkefolk frij sicht krige op it heechalter. Ek it grutste diel fan it pronkerige tsjerkemeubilêr datearret fan dy tiid. It barokke heechalter ferfong in renêssânse alter en waard yn de jierren 1730-1733 boud. It sintrale skilderij fan Franz Ignaz Flurer toant Sint-Egidius, de patroanhillige fan de katedraal. Mei de byldegroep dêrboppe wurdt de kroaning fan Marije foarsteld.
De sydalters waarden nei de sloop fan it doksaal om 1618 hinne boud en yn 1766 troch Veit Königer fernijd. De alterskilderijen fan de hofskilder Giovanni Pietro bleane dêrby bewarre. It noardlike sydalter toant de Ferkundiging en it súdlike Ignatius fan Loyola, stifter fan de oarder. De hilligeferearing, dy't slim ûnder de reformaasje te lijen hân hie, waard troch de jezuïten wer tige befoardere. Lykas by de Romeinske Il Gesù waarden ek de sydmuorren trochbrutsen om kapellen oan te bouwen.
De preekstoel út 1710 is in ûntwerp fan de jezuyt Georg Lindemayr. Lykas de tsjerkebanken, de bychtstuollen en it koerstuolte is de preekstoel barok fan styl.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hjoeddeiske oargel waard yn 1978 troch de firma Klais boud. De barokke oargelkas datearret lykwols út 1687. It ynstrumint hat 70 registers ferdield oer fjouwer manualen. It hat mechanyske spyltraktueren en elektryske registertraktueren. Yn 1998 waard it mei in trompettewurk mei trije registers útwreide. Simmerdeis wurde der geregeld oargelkonserten organisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side
|