Springe nei ynhâld

Domtsjerke fan Feldkirch

Ut Wikipedy
Dom- en parochytsjerke Sint-Nikolaas

Dompfarrkirche St. Nikolaus

bouwurk
lokaasje
lân Eastenryk
dielsteat Vorarlberg
plak Feldkirch
adres Domplatz
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1478-1520
boustyl Gotyk
monumintale status Monumint
monumintnûmer 65250 [1]
offisjele webside
Webstee domtsjerke

De Domtsjerke fan Feldberg of de Dom- en parochytsjerke Sint-Nikolaas (Dútsk: Dompfarrkirche St. Nikolaus) yn Feldkirch is de katedraal fan it yn 1968 stifte roomske bisdom Feldkirch. De domtsjerke stiet yn de histoaryske binnenstêd fan Feldkirch en is de belangrykste goatyske tsjerke fan de dielsteat Vorarlberg.

Eart de tsjerke yn 1218 in parochytsjerke waard, soe de tsjerke in filiaaltsjerke west hawwe fan de Sint-Petrustsjerke yn Rankweil of fan de Sint-Petronellatsjerke yn Altenstadt. Yn 1287 waard de tsjerke, neffens in oarkonde, oan Nikolaas wijd. Fierder binne der sakristiën en in Marije- en in doopkapel.

De tsjerke rekke by stedsbrannen yn 1348, 1396 en 1460 slim skeind en waard sûnt 1478 ûnder lieding fan boumaster Hans Sturn en let-goatyske styl wer opboud. Yn 1479 waard de noardlike tsjerketoer foltôge. It legere hjoeddeiske koer waard yn 1520 foltôge.

It neogoatyske heechalter waard yn 1875 troch Josef Götz boud. Njonken it heechalter steane de 16e-iuwske bylden fan de apostels Petrus en Paulus, dy't eartiids yn de Feldkircher Petrus- en Paulustsjerke stiene. Ek ôfkomstich út dy tsjerke is de oan de loftse sydmuorre fan it haadskip steande 16e iuwske byldengroep fan de kroaning fan Marije.

Ynterieur

It loftse oan Joazef wijde sydalter is fan 1878 en boud neffens in ûntwerp fan domfikaris Georg Dengler von Josef Bertsch. It rjochter alter is yn 1521 makke troch de yn 1480 yn Feldkirch berne Wolf Huber, dy't ek de Bewening fan Kristus yn it koer makke. Boppe de koerbanken hingje twa panelen fan Hans Huber. It iene stelt Marije mei hilligen fan it bisdom Chur foar en it oare it Jongste Gerjocht. Hans Huber wie de heit fan Wolf Huber.

It grutte krús yn 'e triomfbôge is yn 1523 ûntstien. De lêste goatyske fresko's dy't de tsjerke noch hat binne dêr boppe te sjen en datearje fan 1478-1482. Eartiids wiene alle gewelven mei fresko's fersierd.

De smei-izeren preekstoel waard yn 1520 as sakramintstoer foar it koer makke. By in 17e iuwske ferbouwing waard der in preekstoel fan makke.

De ienfâldich útfierde reliëfs fan de krúsweistaasjes fan Emil Gehrer binne modern en datearje út de jierren 1963-1964.

It Marijealter yn it sydskip waard yn 1905 makke troch de byldhouwer Fidelis Rudhart út Feldkirch-Altenstadt. Yn de sintrale nis stiet in goatyske madonna út 1420. Trije moarmeren platen foar it Marijealter yn it sydskip slute de biskoplike grêfkelder ôf, dêr't ek de earste biskop fan Feldkirch Bruno Wechner († 28 desimber 1999) byset waard. Boppe de grêfkelder hinget in paneel mei in foarstelling fan de Krusiging (1551). Fierder binne dêr twa skilderijen út 1683 te sjen fan de skilder Leonhard Stainhauser út Feldkirch. Kadere yn in blommenkrâns en in fruchtenkrâns stelle se de berte fan Jezus en de flecht út Bethlehem foar.

De ramen fan de dom binne fan Martin Häusle en yn de jierren 1960-1961 ynbrocht.

It haadoargel waard yn 1976 troch Metzler Orgelbau út it Switserske Dietikon boud. It sleepladen-ynstrumint hat 35 registers ferdield oer trije manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne mechanysk. Dêrnjonken hat de katedraal noch in neogoatyske koeroargel út 1878, dat troch de Bruorren Mayer út Feldkirch levere waard. Sûnt 2014 hat de dom in tredde oargel, it noch âldste oargel fan Vorarlberg. It oargelposityf waard yn 1699 boud troch in ûnbekend oargelbouwer en waard yn 2013 restaurearre..

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: