Bisdom Feldkirch
It Bisdom Feldkirch (Latyn: Dioecesis Campitemplensis) is in roomsk-katolyk bisdom yn Eastenryk. De grinzen fan it bisdom komme oerien mei dy fan de dielsteat Vorarlberg. Utsûndering foarmet it gebiet fan de Territoriale Abdij Wettingen-Mehrerau. It bisdom falt ûnder de tsjerkeprovinsje Salzburg.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eartiids hearde it suden fan de dielsteat Vorarlberg by it bisdom Chur (Switserlân), it noarden by it bisdom Konstanz en it noardeasten by it bisdom Augsburg (Dútslân). Keizer Joazef II woe dat graach oars, mar besocht om 'e nocht de ynfloed fan net-habsburgske bisdommen út te skeakeljen. Yn 1816 moasten de bisdommen Chur yn 1816 en it bisdom Konstanz harren oandielen oan it bisdom Brixen ôfstean. Yn Vorarlberg waard allinne in ordinariaat mei de sit yn Feldkirch stifte, de fikarus wie tagelyk ek wijbiskop.
Om't nei de Earste Wrâldkriich it yn Súd-Tiroal lizzende Brixen oan Itaalje tawiisd waard, waard it diel fan it bisdom dat yn Eastenryk lei yn in eigen Apostoalyske Adminitraasje Innsbruck-Feldkirch (earst Feldkirch-Innsbruck) ûnderbrocht, dy't sûnt 1925 fuort ûnder de Hillige Sit foel.
Op 6 augustus 1964 ûndertekene paus Paulus VI yn Castel Gandolfo trije bullen:[1]
- De bul Quo aptius ornearre dat alle gebieten fan it aartsbisdom Trient, dy't yn de provinsje Bozen (Súd-Tiroal) leine, oan it bisdom Brixen taskreaun waarden, dat tenei de nmme Bozen-Brixen drage soe.
- Mei de bul Tridentinae Ecclesiae waard in nije tsjerkeprovinsje stifte, dy by it aartsbisdom Trient yndield waard.
- De bul Sedis Apostolicae dêrfoar oer wie de basis foar it ferheffen fan de Apostoalyske Adminstrataasje Innsbruck-Feldkirch ta in selsstannich bisdom Innsbruck, dêr't ynearsten ek Vorarlberg by hearde.
Op 8 desimber 1968 stifte paus Paulus VI mei de bul Christi caritas it bisdom Feldkirch. Bruno Wechner waard de earste biskop fan it nije bisdom.
Dekanaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bisdom is ûnderferdield yn njoggen dekanaten: Bludenz-Sonnenberg, Bregenz, Dornbirn, Feldkirch, Hinterwald, Montafon, Rankweil, Vorderwald-Kleinwalsertal, Walgau-Walsertal.
Katedraal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal fan it bisdom is de Domtsjerke Sint-Nikolaas yn Feldkirch.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side
|