Dom fan Berlyn

Ut Wikipedy
De Berliner Dom

De Dom fan Berlyn (Dútsk: Berliner Dom) is in 19e-iuwske evangelyske katedraal yn it sintrum fan Berlyn op it Spree-eilân. It is ien fan de grutste tsjerken fan Dútslân en de grutste tsjerke fan Berlyn.[1]

De domtsjerke waard boud tusken 1894 en 1905, neffens plannen fan Julius Raschdorff, en lit ynfloeden fan de Italjaanske hege renêssânse en neobarok sjen. Yn de Twadde Wrâldkriich rekke de Berliner Dom swier skansearre. Yn 1951 krige de stikkene tsjerke in provisoarysk dak. De rekonstruksje begûn yn 1975 en yn 1992 waard de nije tsjerke iepene.

It bouwurk is 116 meter heech op in oerflak fan 73 by 93 meter. De koepel hat in trochsneed fan 33 meter en der binne 2100 sitplakken yn de domtsjerke.[2] Mei in trep kinne besikers by de koepel komme, dêr't se rûnom sicht hawwe oer de stêd.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons Commons: Dom fan Berlyn – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynformaasje oer de Berliner Dom
  2. Feiterige op structurae