Doëngastate
Doëngastate of Dongabosk wie in state fier noardeast fan Boerum yn de gemeente Kollumerlân. Fan de state is neat werom te finen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It boujier is ûnbekend. Doëngastate lei op it saneamde Each, Oech of Oogh tichtby Muntsjesyl. Each hat hjir de betsjutting fan eilân, krektas yn 'Skiermûntseach'. De heger lizzende lannen foarmen ea in eilantsje dêr't de grutte fan noch werom te kennen is oan de loop fan de âlde seedyk oan de noardside en dy fan de Lauwers oan súd- en eastside. Ek dit goed wie eigendom fan it Gerkeskleaster. De mûntsen fan dit kleaster sille grif harren kennis en ûnderfining ynsetten hawwe by de ynpoldering fan dit gebiet, lykas op in soad oare plakken om de eardere Lauwerssee en Middelsee hinne ek bard is.
Yn de 16e iuw waard it goed frij seker bewenne troch Jacob Doënga of Dongha. Dy hie twa soannen: Jelte en Claes. Meidat Jelte letter foarkomt "oppen Ham by Groot Aduwert" mei oannomd wurde dat Claes op Doëngastate wenne hat. Hy en syn frou Thee Roelofsdr. hiene in soan en in dochter, Lyuwe en Beauck. Yn 1613 wie Claes al ferstoarn, want dan wurdt syn broer Jelte neamd as mei-kurator oer syn bern.
Lyuwe troude mei Antje Botma mei wa't hy yn 1633 "opt Oogh" en dus frij seker op de state wenne. Yn 1640 wenne hy der seker en fjouwer jier letter kocht hy de state fan de provinsje as earder kleastergoed foar it bedrach fan 19.170 goudgûne. In slompe jild, mar der hearde wol 135 pûnsmiet lân by. In flink besit fergelike by oare pleatsen dy't destiids gemiddeld in oerflak fan sa’n 35 pûnsmiet hiene en de state sil sûnder mis ek boppegemiddeld west hawwe.
Lieuwe hie trije bern: Anna, Suffridus en Nicolaes. De lêste wie yn 1657 sekretaris fan Eastdongeradiel en stoar foar 1696 wêrnei't syn neilittenskip yn hannen kaam fan syn broer en suster. Yn 1696 legatearre Anna oan har efternicht Anna fan Aitzema de helte fan 'Dongabosch' besteande út huisinge, schuur, hovinge, poort, graft, singels, boomen ende plantagie. De oare helte wie eigendom fan de oud-Faendrick Suffridus fan Doënga dy't syn helte yn 1704 ferkocht oan Repke Jansen Froma, dykgraaf fan Boerumerlân en it Eastlik Nij Krúslân.
Nei alle gedachten is de state sûnttiid net mear troch de eigeners bewenne, mar as pleats ferpachte.
Destiids koe mr. Andreae oan it romme hoarnleger en de brede grêften noch sjen wêr't de state stien hat. Op Google Earth is dêr neat mear fan te sjen.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 16e iuw Jacob Doënga
- Claes Doënga
- 1633 Lyuwe Doënga en Antje Botma
- Anna, Suffridus en Nicolaes Doënga
- Anna fan Aitzema en Suffridus fan Doënga (50/50)
- 1704 Anna fan Aitzema en Repke Jansen Froma (50/50)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|