Springe nei ynhâld

Filmdistribúsje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Distribúsje (films))

Filmdistribúsje is alles dat te krijen hat mei it beskikber meitsjen fan films om besjoen te wurden troch it publyk. Dat proses is de taak fan in filmdistributeur, in bedriuw dat him dêr spesifyk op taleit. Filmdistributeurs kinne selsstannige bedriuwen wêze, dy't spesjaal foar it distribuëarjen fan films oprjochte binne, mar it binne ek faak ôfdielings fan grutte filmstudio's, dy't de distribúsje fan harren eigen films (en faak ek fan 'e films fan oare, lytsere studio's) fersoargje. In filmdistributeur stelt foar eltse film in aparte marketingstrategy op, dy't bestiet út filmpromoasje en it eigentlike distribúsjeproses.

De filmpromoasje omfettet reklamespotsjes, reklameposters en oare uterings fan reklame yn 'e iepenbiere romte, trailers dy't oan oare films taheakke wurde, fraachpetearen oer de nije film mei de akteurs dy't de haadrol spile hawwe, it fêststellen fan in gaadlike datum foar de premiêre, it organisearjen fan dy premiêre en it útnûgjen fan 'e media dêrfoar, ensfh. De eigentlike distribúsje wurdt dien troch eksimplaren fan 'e film te fersprieden nei bioskopen dêr't de film fertoand wurde sil. Letter folget it útbringen fan 'e film op dvd en blu-ray en as video-on-demand en download oer it ynternet, en it ferkeapjen fan 'e útstjoerrjochten oan tillefyzjestjoerders.

Der binne ferskate manearen om in film út te bringen, of, yn it jargon: om in filmrelease te fersoargjen.

  • By in standertrelease wurdt film útbrocht neffens in fertsjinmodel dat útgiet fan saneamde 'release windows' ("útbringfinsters"). Earst wurdt in film útbrocht yn 'e bioskopen, dêrnei op dvd en blu-ray, dêrnei foar video-on-demand oer it ynternet en betelkanalen op 'e tillefyzje, en úteinlik foar útstjoering op 'gewoane' tillefyzjestjoerders. De release windows tusken dy ûnderskate stadia wiene oarspronklik: in healjier tusken de bioskooppremiêre en de dvd- en blu-ray-release, in healjier tusken dvd/blu-ray en de ynternetrelease, in healjier tusken video-on-demand en beteltillefyzje, en nochris in healjier foar't de film op 'e gewoane tillefyzje útstjoerd wurde mocht. Al mei al duorre it dan dus twa jier ear't in film op 'e tillefyzje kaam. Om't it sûnt 2004 mei de dvd-merk yn 'e nederklits rekke is, en om't de ferkeap fan dvd's foar de filmstudio's lukrativer is as fertoaning yn 'e bioskopen, hawwe grutte filmstudio's sûnt de twadde helte fan 'e 2000-er jierren besocht om it 'bioskoopfinster' yn te krimpen, troch films al fjouwer wiken nei de bioskooppremiêre op dvd en blu-ray út te bringen. Dat hat ta grutskalich mar fierhinne ûnsúksesfol ferset ûnder bioskoopeksploitanten laat. Ek it dvd-finster wurdt faak lytser makke troch de ynternetrelease nei foarren te heljen.
  • By in tagelikense release (simultaneous release) wurdt in film tagelyk of frijwol tagelyk útbrocht yn 'e bioskoop, op dvd en blu-ray en foar video-on-demand. Dizze foarm fan it útbringen fan in film hat grutte foardielen foar it publyk, dat dan kieze kin hokker medium oft men brûke wol om 'e film te sjen. Foar de bioskopen is it lykwols tige neidielich, want dy ferlieze by sa'n release in grut diel fan har klandyzje.
  • By in direct-to-videorelease wurdt in film net yn 'e bioskopen útbrocht, mar ferskynt er daliks op dvd en blu-ray. Dêrmei ferfalt dus it 'bioskoopfinster'. Yn sokke gefallen giet it om films dy't net goed genôch achte wurde om yn 'e bioskoop fertoand te wurden, of om ûnôfhinklike films fan makkers dy't it net slagget om by bioskopen belangstelling foar harren films te wekjen.
  • Soms komt ek in ynternetrelease foar. Dêrby wurdt in film daliks foar video-on-demand beskikber makke en ferfalle dus it 'bioskoopfinster' en it 'dvd-finster'.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.