Springe nei ynhâld

Durk Embderveld

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dirk Embdervelt)

Durk Embderveld, ek wol Dirk Embdervelt, (Ljouwert 2 febrewaris 1722 – dêre, 1788) wie in stien- en byldhouwer yn Ljouwert.

Hy waard beneamd as lânskipsstienhouwer yn 1763.

Snijwurk fan him is te finen oan de preekstuollen te Ternaard (1768), Hallum (1773) , Idaerd (1774) en it oargelfront yn Stiens (1777) . It Stedhûs fan Frjentsjer hat stien- en byldhouwurk (1762) fan him en de wapenstien (1783) oan de herfoarme tsjerke fan Warten is ek fan Embderveld.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Embderveld, Dirk.