Dirck Albertsz. Raven
Dirck Albertsz. Raven (Hoarn, 1589/90 - dêre nei 1639) wie skipper te Hoarn en letter kommandeur by de walfiskfeart. Hy tsjinne by de Noardske Kompanjy.
Op 24 maaie 1639 sloech Dirck Albertsz as kommandeur fan it skip Spitsbergen brek by Spitsbergen. Hy oerlibbe it op haren en snaren: nei sawat 44 oeren yn it iiskâlde wetter waard hy rêden troch kommandeur Gale Hamkes út Harns mei syn skip De Oranjeboom. Dêr wiene noch mar 20 fan de 86 manskippen oerbleaun. Raven ferwurke it aventoer yn in reisferhaal, it Journael ofte Beschrijvinghe van de Reyse ghedaen bij den Commandeur Dirck Albertsz. Raven, na Spitsberghen, inden Jare 1639, ten dienste vande E.Heeren Bewindthebbers vande Groenlandtsche Compagnie tot Hoorn.
It reisferhaal waard yn 1646, sân jier nei de jammerdearlike ekspedysje, foar it earst publisearre yn Hoarn en der ferskynden dêrnei ferskillende werprintingen. [1] It waard boppedat fanôf 1648 opnommen efter it ferneamde Journael ofte Gedenkwaerdighe Beschrijvinghe vande Oost-Indische Reyse van Willem IJsbrantsz Bontekoe van Hoorn. Yn 1971 ferskynde in faksimilee werprintinge fan dizze útjefte fan 1648.[2]
By it spoar lâns, tichtby it stasjon, yn Hoarn is in strjitte nei him neamd: de Commandeur Ravenstraat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|