Springe nei ynhâld

De Wolf en de Sân Geitsjes

Ut Wikipedy
De Wolf en de Sân Geitsjes
algemiene gegevens
oarspr. titel Der Wolf und die Sieben
   Geißlein
auteur Bruorren Grimm
taal Dútsk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke, fabel
1e publikaasje 1812, Berlyn
oarspr. útjwr. Realschulbuchhandlung
bondel Kinder- und Hausmärchen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Wolf en de Sân Geitsjes
publikaasje 1985, Ljouwert
útjouwer Afûk
oersetter Jant Visser-Bakker
ISBN oers. 9 06 27 32 763

De Wolf en de Sân Geitsjes, yn it oarspronklike Dútsk: Der Wolf und die Sieben Geißlein, is ien fan 'e bekendere mearkes dy't troch de bruorren Grimm optekene waarden yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes") fan 1812. De ein liket sterk op 'e ein fan 'e ferzje fan Readkapke dy't troch de bruorren Grimm optekene waard, en it hat der wol fan dat dy oan De Wolf en de Sân Geitsjes ûntliend is. Yn 1985 is it mearke troch Jant Visser-Bakker oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e samling De Moaiste Mearkes 2, neffens de útjefte Die Schönsten Märchen der Brüder Grimm (dat in oanpassing fan 'e oarspronklike tekst nei modern Dútsk ta is troch Margrit Weber). Yn 2012 is De Wolf en de Sân Geitsjes op 'e nij oerset nei it Frysk troch Anne Tjerk Popkema, as ûnderdiel fan 'e samling Mearkes fan Grimm.

In memmegeit lit har sân berntsjes allinnich thús om wat iten út 'e bosk te heljen, mar drukt harren op it hert om nimmen oars as harsels yn 'e hûs te litten. Yn it bysûnder warskôget se de geitsjes foar de boaze wolf, dy't harren grif opfrette sil as se him de deryn litte, mar dy't werkenber is oan syn rauwe stimlûd en syn swarte poaten. De geitsjes sizze ta foarsichtich wêze te sillen, dat de mem set mei in gerêst hert ôf.

In yllústraasje by it mearke.

It duorret lykwols net lang, of der kloppet ien oan dy't seit de mem fan 'e geitsjes te wêzen. Mar de geitsjes hearre oan it rauwe stimlûd wol dat it de wolf is, en wegerje iepen te dwaan. Dan giet de wolf nei in keapman en keapet in stik kryt, dat er opfret en dêr't syn stim sa sêft as side fan wurdt. Hy kloppet fannijs oan, mar hy hat syn swarte poaten op it finsterbank lein en de geitsjes sjogge dat it de wolf is, en wegerje op 'e nij en lit him deryn. De wolf giet wer fuort en lit syn poaten by de bakker bestrike mei daai en by de moolner bestruie mei moal. Mei moaie wite poaten giet er werom nei de geitewente en kloppet foar de trêde kear oan.

No hearre de geitsjes it sêfte stimlûd en sjogge se de wite poaten, dat se miene dat it diskear echt harren mem is, en dogge iepen. De wolf kringt it hûs binnen en de geitsjes flechtsje yn panyk alle kanten út en ferskûlje har op alderhanne plakken. Mar de wolf fynt en ferslynt harren allegearre, útsein it jongste geitsje, dat him yn 'e grutte klok ferskûle hat. As de wolf seis geitsjes opfretten hat, wurdt er têd en slûch, dat hy jout him bûten ûnder in beam del om eefkes in knipperke te meitsjen.

As de memmegeit net folle letter út 'e bosk weromkomt, wurdt se aldertigenste kjel as se de hûsdoar iepenstean sjocht en binnen ien grutte ravaazje oantreft. Se ropt har bern, mar dy anderje net, útsein it jongste geitsje, dat út 'e grutte klok foar 't ljocht komt en har fertelt wat der bard is. De mem giet nei bûten ta om har bern te beskriemen, mar as se dêr de sliepende wolf sjocht, stjoert se it jongste geitsje gau-gau werom om in skjirre op te heljen. Dêrmei knipt se de búk fan 'e wolf iepen, en dan springe ien foar ien de seis oare geitsjes foar 't ljocht, dy't ûnskeind binne om't de wolf harren yn ien hap ferslynd hie. De mem stoppet de wolf de bealch fol mei grutte stiennen, en naait him dan wer ticht. As de wolf letter wekker wurdt, fielt er him sa swierlivich dat er der toarstich fan is, mar as er him foaroer bûgt om út 'e saad te drinken, falt er der troch de swiere stiennen yn en ferdrinkt er. Dan fiere de geiten feest en libje se noch lang en lokkich.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Grimm, Jacob en Wilhelm, De Moaiste Mearkes 2 (oers. J. Visser-Bakker), Ljouwert, 1985 (Afûk), ISBN 9 06 27 32 763.
  • Grimm, Jacob en Wilhelm, Mearkes fan Grimm (oers. A.T. Popkema), De Gordyk, 2012 (Utjouwerij Bornmeer), ISBN 978-9 05 61 52 888.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.