De Trije Bruorren

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Trije Bruorren is in teltsje oer reuzen, in sêge oer it ûntstean fan trije sleatten dy't útkomme op It Ges.

Neffens it teltsje hawwe yn de omkriten fan Toppenhuzen en Twellingea eartiids trije reuzen wenne: Broer, Douwe en Jarich. Om't it fean dêr yn dy tiid te sompich wie, yn alle gefallen te sompich foar reuzen, kamen se ta it beslút om sleatten te graven sadat it wetter nei it Ges laat wurde soe. Dat se namen in heale pream as skeppe, en goaiden foar eltse reus in sleat. Foar Broer de Broersleat, foar Douwe de Douwesleat en foar Jarich de Jarichsleat. Sa koenen se in grut part fan it wetter kwyt wurde, en koe it lân brûkt wurde as greide.

By guon reuzeteltsjes binne de nammen dêr't se oer geane it ienige ferbân mei de skiednis. Mar dit teltsje is nei alle gedachten histoarysk, útsein dat it net oanwiisber is dat der reuzen yn dy omkriten wenne hawwe. It Ges is nei alle gedachten in streamke dat wetter út it heachfean ôffierde, en mei dwersfearten koe it lân drûger makke wurde.

Yn Toppenhuzen stiet op de hoeke fan de Ferbiningswei en de Sjaerdawei it keunstwurk De Trije Bruorren, yn 1996 makke troch Hennie de Boer, yn opdracht fan de Kulturele Rie Wymbritseradiel. It keunstwurk byldt dit teltsje út.