De Oesdrip
De Oesdrip is it ledeblêd fan it Skriuwersbûn, de belangeferiening fan en foar Fryske skriuwers. It blêd ferskynde fan 1969 oant 2003 trije kear yn it jier. Hjoed-de-dei ferskynt it trijeris it jier, ûnder redaksje fan Sytske de Boer en Simon Oosting. It is digitaal, mar leden dy't gjin E-mail hawwe, krije it oer de post tastjoerd. De leden fan it bûn krije regelmjittich in ledebulletin mei alle nijtsjes en gearkomsten tastjoerd.[1]
1969-2003
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste redaksje bestie út Freark Dam, Rink van der Velde en Harm Wesseling. Redaksjelid Klaes Wielinga waard yn 1976 opfolge troch Johanneke Liemburg.[2] Yn 1984 waard it trijemanskip opfolge troch in twamanskip Durk van der Ploeg en Andrys Stienstra.[3]
Yn it earste nûmer stie in ferslach fan de oprjochtings- en de earste bestjoersgearkomste, in nammelist fan de leden, de statuten van it bûn en in ferklearring fan it wurd 'oesdrip' ('fan de daksrâne ôfdripjend reinwetter' neffens it Frysk wurdboek), mei wurden fan deselde stam yn it Nederlânsk, Sealtersk, Noardfrysk en Ingelsk.[4]
It tredde nûmer wie hielendal wijd oan skriuwer Abe Brouwer, mei bydragen fan Freark Dam, Cees Jongsma, Jo Smit, Douwe Tamminga, Pieter Terpstra en Klaas Wielinga. [5]Yn 1972 ferskynde in earenûmer wijd oan Theun de Vries. Yn 1974 publisearre it blêd de folsleine bibliografy fan Hoatse de Jong by gelegenheid fan dy syn njoggentichste jierdei.[6]
It blêd krige út finansjele need sûnt 1980 in ienfâldiger útris as yn eardere jierren wenst wie.[7] Yn 1987 waard in enkête hâlden oer de Oesdrip. It jild blykte doe in probleem te wurden.[8]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|