Cees Jongsma

Ut Wikipedy
Tinkplaat foar Cees Jongsma

Kees (Cees) Jongsma (Skoatter Uterdiken, 22 april 1921It Hearrenfean, 21 maart 1996) wie in Fryske boer, politikus en folksdichter.

Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jongsma buorke fan 1952 ôf op de Koaipleats ûnder Bantegea. Sûnt 1958 wie er lid fan de PvdA-fraksje yn de ried fan Lemsterlân, dêr’t er ek wethâlder wie. Fierder beklaaide er funksjes yn ferskate agraryske organisaasjes. Yn 1986 stapte er út de polityk.

Dichter en boer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de earste oarlochsjierren publisearre hy syn gedichten yn de Zuid-Friesland en it wykblêd Sljucht en Rjucht. Syn ûnderwerpen socht er yn it boerebestean en de natoer. Sa binne der fersen oer aaisykjen, hurdriderij en beroppen lykas de melkster en de wilsterflapper. Ek beskreau er âlde gebrûken lykas it 'Sinterklaasrinnen'.[1] Begjin santiger jierren publisearre er yn Bolwerk, it orgaan fan it Instituut voor Landbouwcoöperatie in Friesland. Ek ferskynden syn fersen yn it literêre blêd De Oesdrip fan it Skriuwersboun.

Yn 2005 waard der by in útwreidingsplan yn Bantegea in tinkteken oan him ûntbleate.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Boer en Dichter (1946, útj. Torenlaan te Assen)
  • Under it ûleboerd (1949, útj. Torenlaan te Assen
  • Milieu (1976)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Histoarje fan Fryslân tusken Tsjûkemar en Tsjonger, www.spanvis.com