Simon Oosting

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Simon Oosting (Skarsterbrêge, 1959), is in Frysk biolooch en dichter.

Oosting groeide op yn Ljouwert, dêr’t er it kristlik gymnasium besocht. Yn 1978 sette er yn Wageningen útein mei de stúdzje Tropyske Feehâlderij. Oosting studearre ôf yn 1985.

Nei syn promoasje wurke er op ûndersyksynstituten yn Kanada en Noarwegen. Yn 1999 kaam er werom yn Wageningen. Oosting hâldt him no dwaande mei de maatskiplike kant fan it hâlden fan bisten by de ôfdieling dierwittenskippen.

Yn 2004 krige Oosting in Rely Jorritsmapriis foar syn gedichtensyklus Yn 't foarbygean. Yn 2008 krige er de Fedde Schurer-publykspriis foar syn bondel Rauwe fisken op wynfearwolkens.

Simon Oosting is in broer fan Ronald Oosting.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2007: Rauwe fisken op wynfearwolkens
  • 2012: Hûnewacht