De Mûnts (mole)
De Mûnts | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Achtkarspelen | |
plak | Bûtenpost | |
adres | West 1-A | |
koördinaten | 53° 15' N 6° 082' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 13,2 meter | |
boujier | 1871, weropbou 1959 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Gem. Achtkarspelen | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 7039 [1] | |
Webside | ||
Side De Fryske Mole | ||
Kaart | ||
De Mûnts is in poldermole yn it doarp Bûtenpost, it haadplak fan de gemeente Achtkarspelen. It is in houten achtkante mûne mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid.
Skiednis en beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Mûnts stie oarspronklik yn it Grinslanner Oosterhoogebrug, dêr't er de Boarchsleatpolder bemealde. Hy wie dêr yn 1871 boud yn ferbân mei de oanlis fan it Iemskanaal. Dat barde op kosten fan de provinsje Grinslân, dy't de mûne nei de oplevering oerdroech oan it wetterskip fan de polder.
Yn 1952 waard foar de mole in sloopfergunning ôfjûn, wêrnei't er "op afbraak" ferkocht waard oan in partikulier. Dy stelde de mûne beskikber foar weropbou yn Bûtenpost. De mole waard dêr yn de jierren 1958/1959 delsetten en omneamd ta De Mûnts. De mûne, dy't twa wetterrinnen hat, krige it op- en bemeallen fan de pleatslike iisbaan as taak. Yn 1985 bruts de houten binnenroede, wêrnei't dy ferfongen waard troch in nije izeren roede.
De Mûnts waard yn 1994 restaurearre. Tsjintwurdich is de mûne, dy't no eigendom is fan de gemeente Achtkarspelen, mealree yn sirkwy.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Hollandsche Molen - De Mûnts yn Bûtenpost
- Moledatabank - Bûtenpost, De Mûnts
- Moledatabank - Oosterhogebrug, Borgsloterpolder
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|