Springe nei ynhâld

De Hoop (Readtsjerk)

Ut Wikipedy
De Hoop (Readtsjerk)
mûne / mole
De mûne yn 2019
De mûne yn 2019
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
plak Readtsjerk
adres Reidfjildswei
koördinaten 53° 15' N 5° 55' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
oarspr. gebrûk bemeallen Readtsjerkerpolder
flecht 20,50 meter
boujier 1911
oare ynformaasje
eigner Stifting De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 11697
Webside
Side De Fryske Mole
Kaart
De Hoop (Fryslân)
De Hoop

De Hoop is in poldermole benoarden it doarp Readtsjerk yn de gemeente Dantumadiel.

De Hoop is in houten, reiddutsen muonts op stiennen fjildmuorren.

Yn 1862 waard yn Teridzert in besteande mûne kocht en yn Readtsjerk opboud om it wetterpeil yn de polder op peil te hâlden. Foar dy tiid wie it gebiet sompich ûnlân mei leechfean. De mûne wie yn 1911 al sa brekfallich, dat in renovaasje djoerder útpakte as it ôfbrekken fan de mûne en in oaren ien oan te skaffen. Foar 1.000 gûne waard in mûne út it Grinslânske Scharmer oanskaft, dy't dêr yn 1863 boud wie. Yn Scharmer wie de mûne alris twa kilometer ferhûze nei in oar plak en no waard de mûne ôfbrutsen om te ferhûzjen nei Readtsjerk om op de hjoeddeiske lokaasje wer op te bouwen.

De houten roeden binne yn 1916 ferfongen troch stalen roeden. Op advys fan Provinsjale Wettersteat waard yn 1961 meganyske bemealling oanbrocht, al bleau bemealling op wynkrêft mooglik. De mûne hie selsswichting, mar de wjukken binne yn 1969 Aldhollânsk ophekt.

Yn 1969 gyng it Wetterskip Readtsjerkerpolder en Hûndertsreed oer op it Wetterskip De Wâlden. Dêrmei rekke de mûne oerstallich. It mûndershûs út 1870 wie doe al ferkocht, mar it baarnde yn 1982 ôf en sûnt stiet de mûne allinne.

Restauraasjes fan de mûne fûnen yn 1961, 1969 en 1975 plak. Sûnt 1972 is de Stifting De Fryske Mûne eigner fan De Hoop, dy't bytiden brûkt wurdt as lesmûne foar frijwillige mûnders.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Friese Molens, 1995 Friese Pers Boekerij BV, ISBN 90 330 1522 6, side 161
  • Publikaasjeboerd by de mûne.