Springe nei ynhâld

De Klaver

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De Grutte Klaver)
De Greate Klaver yn 2010

De Klaver, ek De Grutte Klaver neamd, is in poldermole tichtby de stêd Boalsert yn de gemeente Boalsert.

De Klaver is in spinnekopmole mei in flecht fan 12,00 m., dy't ûngefear in kilometer ten noardwesten fan Bolsward stiet oan de Wytmarsumer Feart. Hy waard yn 1802 boud foar it bemeallen fan de Weeshûspolder. Dizze bestie út 294 pûnsmiet lân (± 108 ha), wêrfan 50 pûnsmiet (rom 18 ha) eigendom wie fan it weeshûs fan Boalsert.

De Klaver hat wurke oant 1966, doe't in foarsjenning makke waard wêrmei't de fizel ek troch in trekker oandreaun wurde koe. Yn 1972 ferlear de mole syn funksje, wêrnei't er yn ferfal rekke. Yn 1980 waard De Klaver eigendom fan de Stifting De Fryske Mole, dy't him yn 1980/1981 restaurearje liet, wat fanwege de brekfallige steat feitlik betsjutte dat er werboud wurde moast. Sûnttiids is de mole wer mealree. Hy kin op ôfspraak besichtige wurde.

Yn 2006 waard de mole troch it Wetterskip Fryslân oanwiisd as reservegemaal by wetteroerlêst.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]