Springe nei ynhâld

De Fontein (Ljouwert)

Ut Wikipedy
De Fontein
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adres Goudenreinstrjitte 77
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1968
offisjele webside
De Fontein

De Fontein is in protestanske tsjerke oan de Goudenreinstrjitte yn Ljouwert. Tegearre mei de Grutte Tsjerke yn it sintrum en De Skakel yn Kammingabuorren foarmet De Fontein de Protestantske Gemeente fan Ljouwert. Ek de Waalske Tsjerke is eigendom fan dizze gemeente. [1] Earder stie De Fontein bekend ûnder de namme "Open Hof".

Logo fan De Fontein

De tsjerke waard yn 1968 as sânde tsjerke fan de Herfoarme Gemeente fan Ljouwert boud as in rjochthoekige sealtsjerke mei in frijsteande stielen klokketoer.[2]

Yn 2013 waard de tsjerke tydlik foar in ferbouwing sletten. Op saterdei 10 maaie iepene de renovearre en fergrutte tsjerke de doarren wer. Yn de fernijde tsjerke passe no 350 minsken, en dat tal kin noch útwreide wurde ta maksimaal 500 minsken.

It oargel yn de tsjerke is ôfkomstich ut de grifformearde Adelaarkerk yn de wyk Bilgaard, dy't yn maaie 2012 sletten waard. Dat koe nei in rynske jefte fan in gemeentelid troch de firma Van den Berg & Wendt út it Brabânske Deest boud wurde. Op 19 augustus 1976 waard it piipoargel yn gebrûk nommen. Yn 2013 waard it oargel troch it Ljouwerter oargelbedriuw Bakker & Timmenga nei De Fontein oerbrocht.[3]

Ynearsten soe De Fontein it Flentrop-oargel út de teffens yn 2012 sletten Fenikstsjerke oernimme, mar it die bliken dat de klank en grutte fan dat oargel net sa goed paste yn de nije tsjerke.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Keppeling om utens

Disposysje oargel