Springe nei ynhâld

De Skeakel (Ljouwert)

Ut Wikipedy
De Skeakel
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adresHavingastate 7
bysûnderheden
type bouwurktsjerke
boujier1993
arsjitektArsjitektenburo Anne van der Meer, Drachten
offisjele webside
Prot. gemeente Kammingabuorren

De Skeakel (offisjeel: De Schakel) is it tsjerklike sintrum fan de protestantske wykgemeente Kammingabuorren oan de Havingastate yn Ljouwert. Tegearre mei de Grutte Tsjerke en De Fontein foarmet De Skeakel de "Protestanske Gemeente fan Ljouwert".

Liturgysk sintrum

De tsjerke waard yn 1993 boud.[1] Foar de bou fan De Skeakel waard de grifformearde Salvatortsjerke opjûn. Fan ôf it begjin hat De Skeakel in tsjerke west, dêr't herfoarmen en grifformearden fan it noardeastlike gebiet fan Ljouwert tsjerkje.

Yn de tsjerke binne inkelde moderne keunstwurken te sjen. In piipoargel ûntbrekt yn de tsjerke, yn stee dêrfan is der in elektroanysk oargel en in konsertfleugel oanwêzich.[2][3].

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: