Springe nei ynhâld

De Feniks (Marrum)

Ut Wikipedy
De Feniks
mûne / mole
De Feniks yn 2022
De Feniks yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Marrum
adres Nijewei 4-A
koördinaten 53° 19' N 5° 49' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
oarspr. gebrûk Bemeallen polder Ferwert
flecht 21,40 meter
boujier 1917
oare ynformaasje
eigner Stifting De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15602
Webside
Side De Fryske Mole
Kaart
De Feniks (Fryslân)
De Feniks

De Feniks is een poldermûne by it doarp Marrum yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

De Feniks waard yn 1917 boud foar it bemeallen fan de polder 'Ferwert' as ferfanger fan de earste mûne út 1845, dy't yn de simmer fan 1916 as gefolch fan bliksemynslach ôfbaarnde. De Feniks waard gearstald út ûnderdielen fan in sloopte houtseachmûne mei deselfde namme út Ljouwert.

Oant likernôch 1970 bleau de mûne yn gebrûk. Sûnt 1976 is de mûne eigendom fan de Stifting De Fryske Mole. By de restauraasje fan de mûne yn 1977 krige de Feniks nije roeden, wêrby't de selsswichting ferfongen waard troch Aldhollânsk hekwurk. De mûne waard yn 1997 foar it lêst restaurearre.

De Feniks is net mear oansluten op de Fryske boezem, mar noch wol mealree yn sirkwy. De Feniks wurdt ek brûkt as lesmûne foar it 'Gild Fryske Mounders' en kin op ôfspraak besichtige wurde.

By te min wyn koe sûnt 1945 in diselmotor meihelpe. De diselmotor is noch jimmeroan oanwêzich en waard yn 2016 tagelyk mei it ferfangen fan de houten fizel fan de mûne troch in stalen fizel ek neisjoen.

De Feniks is in grutte muonts. It houten achtkant is reiddutsen en stiet op stiennen fjildmuorren. De flecht fan de wjukken is 21,50 meter.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: