Springe nei ynhâld

De Elft

Ut Wikipedy

De Elft is in buorskip yn de gemeente Hollâns Kroan op it eardere eilân Wieringen yn de provinsje Noard-Hollân. De Elft wurdt ek as Elft skreaun.

De Elft leit krekt súdlik fan Hippolytushoef. De Elft is it begjin of einpunt fan de Alde Seedyk, boud om 1600, dizze is 8 kilometer lang en rint nei it buorskip De Hoelm. De dyk wurdt ek wol de Wierdyk neamd. Dy dyk is nammentlik fersterke mei in wierriem, seegers. De dyk is in kultuerhistoarysk monumint, ek al om de plantesoarte dy't op en oan de dyk groeie. De dyk is allinnich by De Hoelm te besichtigjen, by De Elft stiet allinnich op it begjin/einpunt in ynformaasjeboerd.

De Elft hat sûnt it begjin fan ûntstean altyd lyts west mar om 1800 groeide it oantal ynwenners. Yn 1840 wennen der 75 ynwenners. De fierdere groei stûke dêrnei omdat it wat noardliker lizzende Hippolytushoef ek sterk groeien bleau en folle mear romte hie om te groeien.