Springe nei ynhâld

De Borgergroep

Ut Wikipedy
Logo fan Scouting 'de Borgergroep' De Jouwer
Sjaal fan Scouting 'de Borgergroep'

De Borgergroep is in scoutinggroep fan De Jouwer mei 40 leden en 20 lieding jaande en kaderleden, de measte leden komme út de gemeente De Fryske Marren.

De groep is neamd nei de op De Jouwer berne teolooch Elias Annes Borger. Om de groep te ûnderskieden fan oare groepen wurdt troch de leden fan de Borgergroep in giel/blauwe sjaal droegen, de kleuren fan it wapen fan De Jouwer. Yn en om de Jouwer ha yn it ferline meardere scoutinggroepen sitten. De Borgergroep is as ienige oerbleaun. Groepen dy’t net mear bestean binne katolike ferkenners Jan van Hoof, fan de Jouwer en katolike ferkenners de Oorspronggroep, út Sint Nyk.

De Borgergroep is yn 1960 oprjochte as in kristlike paadfinersgroep. Yn de rin fan de jierren is it predikaat Kristlik ferdwinen. In paadfinersgroep is it al net mear sûnt 1973 doe’t de paadfinersorganisaasje op gie yn Scouting Nederlân.

Sûnt 2002 is de Borgergroep fêstige oan de Koarte Ekers op ‘e Jouwer en sitte se tegearre mei de Jouster Fierljepferiening yn de Twaresom. Dêrfoar siet de Borgergroep yn it Troephûs oan de Professor Titus Brandsmawei.

De Borgergroep docht mei oan Scouting en regionale eveneminten. Sa dogge se mei oan Keninginnedei op ‘e Jouwer, mar ek oan de JOTA (Jamboree On The Air) en oan it Noardlik Pinksterkamp.

Jubilea
  • 2000 - Foar it 40-jierrich bestean fan de Borgergroep is yn 2000 in Jubileumkamp hâlden yn Dwingeloo. It tema fan dit kamp wie Harry Potter. Lieding en Stam wiene klaaid as personaazjes út dizze boeken.
  • 2005 - Foar it 45-jierrich bestean is er yn 2005 yn Overasselt, by Nymwegen in jubileumkamp hâlden.
  • 2010 - Yn 2010 bestie de Borgergroep 50 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: