Noardlik Pinksterkamp
It Noardlik Pinksterkamp (NPK) wurdt alle jierren hâlden mei Pinkster op de Marnewaard, in oefenterrein fan definsje, by Lauwerseach yn Grinslân. It kamp wurdt hâlden foar leden fan Scouting út de noardlike provinsjes fan Nederlân; Fryslân, Grinslân en Drinte.
It Pinksterkamp is it grutste jierliks weromkearende scoutingkamp fan Nederlân en ien fan de grutsten yn Jeropa.
Opset
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei it NPK wurdt er ien in oantal dagen in hyl doarp fan tinten opset foar (neffens 2007) san 3500 minsken dy’t der allegear in oantal dagen wenje. Op it grutte kale fjild krijt eltse fan de 4 leeftydskategorien (spultûken) har eigen plak oanwizen wêr’t sy harren subkamp opsette kinne. Oan it kamp hinget ek in oantal wedstriid fest, it NPK is it momint dat de Skouts sjen litte kinne, wat se kinne oan scoutingtechniken. By de tsjinhanger fan it NPK, it Pinksterkamp Dwingeloo (PKD) is disse kompetysje folle minder wichtich.
Subkampen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle subkampen fiere harren eigen tema oanpast op de leeftyd. Sa kin it tema by de allerjongsten, de Esta’s (7-11 jier) Smurfen wêze wylst de âldsten, de Stam (18+) harren stoarte yn de tiid fan de Flower Power (tema’s 2008) om it foar eltsenien nei it sin te meitsjen.
Fan de Skouts (11-15 jier) wudt ferwachte dat sy in oantal kearen op it kamp op iepen fjoer iten siere om sjen te hoe goed sy dit kinne.
Sintrale terrein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it NPK wurdt elts jier ek wer in soart fan sintrum opboud dy’t fan alle ‘moderne’ gemakken foarsjoen is. Sa is der de snackbar ‘it Seapeard’ dat elts jier wer op e nij boud wurdt. Mar ek binne der foarsjenningen op byfoarbyld te pinnen, der is in kommunikaasje sintrum foar ynformaasje nei bûten, in grutte keuken foar de jongste bern, in brânwacht en sa fierder.
List fan alle Noardlike Pinksterkampen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken de heakjes it tal dielnimmers.
- 1920 - Sellingen
- 1924 - Diever
- 1925 - Diever
- 1926 - Hooghalen
- 1927 - Diever
- 1928 - Diever
- 1929 - Schoonoord
- 1930 - Odoorn (265)
- 1931 - Hooghalen
- 1932 - Hooghalen
- 1933 - Hooghalen
- 1934 - Hooghalen
- 1935 - Hooghalen
- 1936 - Hooghalen
- 1937 - Hooghalen
- 1938 - Drouwen (450)
- 1939 - Drouwen (500)
- |Yn de oarloch in tal jierren oerslein.
- 1946 - Anloo (1515)
- | tuskenlizzende jierren wierskynlik ek yn Anloo.
- 1962 - Anloo (1750)
- | tuskenlizzende jierren ek yn Anloo, tal meidoggers net bekend, mar meast om de 2500.
- 1986 - Anloo (2587)
- 1987 - Anloo (2782)
- 1988 - Anloo (2614)
- 1989 - Anloo (2818)
- 1990 - Anloo (2986)
- 1991 - Anloo (3081)
- 1992 - Anloo (3489)
- 1993 - Anloo (3509)
- 1994 - Anloo (3383)
- 1995 - Anloo (3473)
- 1996 - Anloo (3582)
- 1997 - Anloo (3542)
- 1998 - Marnewaard (3545)
- 1999 - Marnewaard (3424)
- 2000 - Marnewaard (3374)
- 2001 - Gjin NPK fanwege MKZ-krisis
- 2002 - Marnewaard (3058)
- 2003 - Marnewaard (net witten)
- 2004 - Marnewaard (net witten)
- 2005 - Marnewaard (3732)
- 2006 - Marnewaard (3474)
- 2007 - Marnewaard (3494)
- 2008 - Marnewaard (3516)
- 2009 - Marnewaard (3644)
- 2010 - Marnewaard
- 2011 - Marnewaard
- 2012 - Marnewaard
- 2013 - Marnewaard
- 2014 - Marnewaard
- 2015 - Marnewaard
- 2016 - Marnewaard (3600)
- 2017 - Marnewaard (3818)
- 2018 - Marnewaard
- 2019 - Marnewaard (3783)
- 2020 - ôflast omreden fan koroanafiruspandemy
- 2021 - alternatyf evenemint omreden fan koroanafiruspandemy
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Offisjele webstee Noardlik Pinksterkamp (Nederlânsk)