Daisy Summers

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Daisy Summers
Daisy Summers.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Daisy Summer, Daisy Haze
echte namme  ?
nasjonaliteit Flag of South Korea.svg Súdkoreaansk
Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 19 april 1993
berteplak Seoel (Súd-Koreä)
etnisiteit Flag of South Korea.svg Koreaansk
Flag of Russia.svg Russysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2013 – no
offisjele webside
gjint

Daisy Summers, echte namme ûnbekend (Seoel, 19 april 1993), is in Súdkoreaansk-Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Koreaansk-Russysk etnysk komôf. Har artystenamme wurdt ek wol (mis)stavere as Daisy Summer, en boppedat hat hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Daisy Haze. (Hja moat lykwols net betize wurde mei Daizee Haze, in Amerikaansk wrakselster.)

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Daisy Summers waard yn 1993 berne yn 'e Súdkoreaanske haadstêd Seoel, as de dochter fan in Koreaanske mem en in Russyske heit. Har âlden emigrearren koarte tiid letter mei har nei de Feriene Steaten, dêr't se opgroeide yn 'e steat Floarida. Sûnt se seis jier wie, waard Summers oplaat om klassyk pianiste te wurden. Har earste betelle baan wie as ferkeapster yn in Gamestop-fideospultsjewinkel.

Summers sette har karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry útein as webcamgirl op in ynternetsite. Op 31 augustus 2013 makke se mei tweintich jier har debút yn in pornografyske film dy't opnommen waard yn har thússteat Floarida. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat hja sûnt yn mear as fyftich pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Jules Jordan Video, Digital Sin, Zero Tolerance, Third Degree Films, New Sensations, Evil Angel, Pure Play Media en Hustler Video. Ek hat se in protte yn 't spier west foar pornosites op it ynternet, lykas Reality Kings, Brazzers, BangBros en Naughty America.

Persoanlike bysûnderheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Summers sprekt floeiend Ingelsk, Koreaansk, Russysk en Dútsk. Hja omskriuwt harsels as in "adrenalinejunkie", en hâldt fan surfen, snowboarden, autoracen en skerpsjitten. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 47 kg en in (natuerlike) kupmaat 30B. Hja hat piercings troch har tonge en ien fan har noaswjukken, en in tige opfallende tatoeaazje fan it rebelle-embleem út 'e earste Star Wars-trilogy oan 'e lofterkant fan har lichem op 'e bikinyline.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: