Bikinyline

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De bikinyline of bikinysône is de oergong fan in bikinybroekje of swimbroek nei de ûnbedutsen hûd. Mei't de skamstreek almeast begroeid is mei skamhier, kin dat by it dragen fan soksoarte baaiklean nei bûten ta stekke, sadat it foar in elk te sjen is. Fral by froulju, mar ek wol by manlju, wurdt soks yn 'e regel ûnestetysk fûn. Sadwaande wurdt de bikinyline gauris ûnthierre troch jin dêr te skearen, te epilearjen of te harsen. Benammen by froulju is dit ferskynsel yn 'e Westerske wrâld sûnt de 1980-er jierren folslein ynboargere rekke. It ûnthierjen fan 'e bikinyline wurdt ornaris oantsjut as in Brazilian wax. Hoewol't dat eins letterlik "Brazyljaansk harsen" betsjut, wurdt dy beneaming ek wol brûkt as it ûnthierjen plakfynt troch te skearen of te epilearjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.