Brazilian wax

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Frou mei in (by)skearde bikinyline.
Frou mei in (by)skearde skamstreek ("trijehoekje").
Frou mei in (by)skearde skamstreek ("lâningsbaan").
Frou mei in folslein skearde skamstreek.

In Brazilian wax of ek wol Brazilian waxing is in ûnthierringsmetoade foar de skamstreek en de geslachtsdielen. Dizze namme betsjut letterlik "Brazyljaansk harsen", mar de term is sa ynboargere rekke dat er ek wol brûkt wurdt as men net harst, mar skeart of epilearret. In Brazilian wax kin yn ferskate mjitten útfierd wurde, útinoar rinnend fan it ûnthierjen fan inkeld de bikinyline, oant it ûnthierjen fan 'e folsleine skamstreek. Lykwols wurdt it hieltyd mear wenst dat froulju alle skamhier ferwiderje litte, wêrby't net inkeld de skamstreek, mar ek de geslachsdielen en de anus ûnthierre wurde.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ûnthierjen fan (dielen fan) 'e skamstreek is neat nijs. Soks waard al iuwenlang dien yn Araabje en Perzje en ek by de Alde Griken en Romeinen, as teken fan reinheid, skientme en fitaliteit. It folslein ûnthierjen fan 'e skamstreek kaam yn 'e 1980-er jierren op yn 'e kuststeden fan Brazylje, dêr't froulju op 'e strannen almar lytsere bikinybroekjes droegen, mei as gefolch dat de bikiny in hieltyd lytser part fan 'e skamstreek beduts en der dus in hieltyd grutter part fan 'e skamstreek skeard wurde moast as men net woe dat der skamhier bûten it broekje útstiek.

Bûten Brazylje waard de Brazilian wax as term sawol as technyk fanôf 1994 yntrodusearre yn 'e Feriene Steaten troch de skientmesalon J. Sisters International Salon yn New York. Dêr wiene ferskate grutte nammen út Hollywood en de haute couture klant, wêrûnder Sarah Jessica Parker, Eva Longoria, Gwyneth Paltrow en Naomi Campbell, dy't der gjin geheim fan makken dat se foar it ûnthierjen fan 'e skamstreek inkeld noch fan dizze technyk gebrûk makken. Dêrtroch en trochdat de Brazilian wax wiidweidich op 't aljemint brocht waard yn populêre tillefyzjesearjes as Sex and the City en Desperate Housewives en yn in protte moade- en lifestyle-blêden, krige dit fenomeen hieltyd mear bekendheid en populariteit.

Almar mear skientmesalons nimme de Brazilian wax op yn it troch har oanbeane assortimint fan produkten en behannelings. Der binne sels al spesjalisearre salons ûntstien, dy't har inkeld noch op it ûnthierjen fan 'e skamstreek, geslachtsdielen en anus rjochtsje en gjin oare behannelings mear oanbiede.

Technyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it útfieren fan in wiere Brazilian wax wurdt op it te ûnthierjen hûdoerflak in spesjale soarte fan waaks oanbrocht. Dy wurdt foar gebrûk opwaarme en dêrtroch floeiber. Nei't er op 'e hûd oanbrocht is, wurdt in pear tellen wachte om 'e waaks de kâns te jaan en kuolje wat ôf, mei as gefolch dat er tige kleverich wurdt en oan it skamhier fêstklibbet. Dan wurdt in stevich ein papier op 'e waaks drukt. De waaks hechtet him dan oan it papier, en as dat mei in beskate mjitte fan geweld fuortlutsen wurdt, komme sawol de waaks as it deroan fêstklibbe skamhier mei. Hoewol't dizze behanneling frijwat pynlik wêze kin, nammenste mear om't it hjirby giet om nochal gefoelige lichemsdielen, wurdt hjiroan faak de foarkar jûn boppe skearen, mei't it hier by in Brazilian wax folle langer fuortbliuwt, omdat it mei hierwoartel en al ferwidere is. Likegoed wurdt wrâldwiid troch in mearderheid fan 'e froulju altyd noch de foarkar jûn oan skearen.

Skearen is noch altyd de meast brûkte metoade om skamhier te ferwiderjen.

Hâlding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ûnthierjen fan 'e bikinyline en de geslachtsdielen is tsjintwurdich foar de measte jonge froulju yn 'e Westerske wrâld fanselssprekkend wurden. Ut ferskate ûndersiken en enkêtes hat bliken dien dat 82-88% fan 'e jonge froulju dit ek op regelmjittige basis docht. Sa waard by in ûndersyk troch de Universiteit fan Leipzig, yn Dútslân, fêststeld dat 88% fan 'e jonge froulju (gemiddelde leeftyd 23 jier) de skamstreek en geslachtsdielen ûnthierret. By in ûndersyk fan seksuologe Kaat Bollen die bliken dat mar 5% fan 'e froulju hielendal gjin snoeiwurksumheden oan it skamhier ferrjochtet. Der wurdt ek geregeldwei oer dit ûnderwerp berjochte yn frouljusblêden (sawol papierrene as online) en op ynternetfoara. Websiden dy't har talizze op seks, lykas Sexwoordenboek.nl en Seksvraagbaak.nl jouwe tips en advizen oer ûnthierringstechniken foar de skamstreek en de geslachtsdielen. Ek manlju kieze hieltyd faker foar it folslein of foar in diel ûnthierjen fan skamstreek, geslachtsdielen en anus.

Foarmen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane ferskate foarmen of mjitten fan it ûnthierjen fan 'e skamstreek:

  • bikinyline: allinnich it skamhier dat by it dragen fan in bikiny sichtber wêze soe, wurdt ferwidere;
  • trijehoekje of triangle: boppe de fenusheuvel bliuwt in lyts trijehoekich stikje skamhier stean;
  • figuerke: boppe de fenusheuvel bliuwt in lyts stikje skamhier stean, dat yn 'e foarm fan in figuerke (bgl. in hertsje) knipt is;
  • lâningsbaam of landing strip: boppe de fenusheuvel bliuwt in smel streekje skamhier stean (ek wol in streekje of Brazyljaansk streekje neamd);
  • folsleine ûnthierring of full wax: alle skamhier wurdt ferwidere (ek wol Hollywood of sphynx neamd).

Redens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Redens foar it ferwiderjen fan skamhier kinne wêze:

  • faak wurdt skamhier as ûnhygiënysk beskôge;
  • faak wurdt in folslein of foar in diel ûnthierre skamstreek as estetysk moaier of sensuëler ûnderfûn;
  • in protte minsken fine dat it ferwiderjen fan skamhier foar in yntinser of yn elts gefal oanganamer gefoel soarget by it hawwen fan seksuële omgong;
  • it is oangenamer by it bedriuwen fan orale seks.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder Bronnen, noten en/of referenties op dizze side.